It feest, toanielbewurking fan Trinus Riemersma

Festen: in hiele útdaging foar de Stifting Frame

novimber 2005

It feest, toanielbewurking fan Trinus Riemersma fan de Deenske film Festen fan Thomas Vinterberg & Mogens Rukov
88 siden, útjouwerij Venus, ISBN 90-5998-021-2

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

getfer, toaniel besprekke…

Ik ha wifele oft ik in tekst foar toaniel wol besprekke wolle soe. It giet yn dizzen om It feest, de toanielbewurking fan Trinus Riemersma fan it filmskript foar de Deenske film Festen fan Thomas Vinterberg & Mogens Rukov. De twifel wie twaliddich:

Yn it foarste plak fyn ik dat de redaksje fan De Moanne better ien freegje kind hie dy’t op ien of oare wize ‘ferstân’ hat fan teaterstikken – in regisseur of in toanielbesprekker bygelyks,  want by it beoardielen fan in toanieltekst giet it fansels om de fraach oft de skriuwer – yn dit gefal de oersetter/bewurker – in gehiel levere hat dat op de planken syn gerak krije sil as it derom giet dat it de spilers útdaget ta topprestaasjess en it foar it publyk in boeiend gehiel wurde sil. Yn it twadde plak moast in toanielstik sjen, net lêze. De beskriuwing fan de setting, nammen fan personaazjes mei fragminten troch de spilers út te sprekken tekst, rezjy-oanwizings oangeande yntonaasje of te meitsjen gebearten: dat lêst net noflik. Op it fuortset ûnderwiis liezen we eartiids Mariken van Nieumeghen en sûnt hie ik gjin toaniel mear lêze wollen.

spannend

Hoe oars wie myn ûnderfining mei It feest. It stik spilet him ôf yn in hotel dêr’t in famylje en freonen byinoar komme om de jierdei fan Hylke te fieren. De âldste dochter hat har in skoftsje lyn tekoart dien, dat der leit wat in skaad oer it feest. Alles ferrint hiel ûnskuldich oant de âldste soan syn feestrede hâldt wêryn’t er fertelt dat Hylke him en syn ferstoarne suster as bern oantaast hie. Hoewol’t de gasten besykje der oer hinne te praten en gewoan troch te gean mei iten en feestfieren, laaie de spannings hieltyd wer op.

Yn de film spilet it famylje drama him ôf op ferskillende plakken yn en om it hotel. Om’t dit op toaniel net kin – it dekor soe te faak wiksele wurde moatte – , hat Riemersma dêrfoar de oplossing socht yn (soms ien, soms trije) videobylden dy’t tagelyk op in skerm boppe it toaniel toand wurde. De sênes op it skerm gean lykop mei dy op de spylflier. Aardich om te lêzen is dat Riemersma him oer de kar dy’t er makke hat by syn bewurking yn it boekje ferantwurdet. By it sykjen fan oplossings hat er sjoen nei it oarspronklike skript en nei eardere bewurkings. Dêrby hat er it oarspronklike skript safolle mooglik rjocht dwaan wollen.

De tekst fan Riemersma makke my nijsgjirrich nei de film dy’t ik net koe en dy’t hjir by de fideoteek ynearsten ek net te besetten wie, mar neidat ik earst it boekje lêzen ha, sjoch ik dat as in foardiel: sûnder foaroardiel en sûnder al lêzendewei de film yn gedachten te hawwen en dus automatysk de tekst en de oantinkens oan de filmbylden hieltyd mei inoar ter fergelykjen, krûp ik yn wat der skreaun is en sjoch ik it hiele toanielstik foar my. It ferhaal sels is wat plat, mar yn de útwurking derfan hiel emosjoneel. Allinne yn de tekst al komme de karakters der dúdlik út. Bliken docht dat it lêzen fan in toanielstik gjin crime is, want der bart in soad. Ast dêrby as lêzer goed yn ‘e gaten hâldst wat der op it skerm bart en wat him tagelyk op it toaniel ôfspilet, is it ferhaal goed te folgjen, nee, sterker: it is sels spannend!

© Produksje rjocht yn de Fryske taal

Ik ha de film fansels letteroan al sjoen, nei it lêzen fan de toanieltekst, en it grappige wie dat ik de film al sjoen hie, mar dan yn de foarm fan in toanielstik… Dy ûnderfining toant oan dat it Riemersma tige goed slagge is de film rjocht te dwaan. Yn it kolofon is oanjûn dat it produksjerjocht yn it Frysk by de Stifting Frame leit. Oan har de útdaging om der in like oangripend spektakel fan te meitsjen as de út te sprekken rigels en de rezjy-oanwizings oanjaan. It ferhaaltsje sels is wat foarsisber, it binne benammen de stekkende dialogen en de ferheftigens wêrmei’t aktearre wurdt dy’t de film nijsgjirrich meitsje. Alles hinget dus ôf fan de kwaliteiten fan de spilers en de regisseur oft it ek slagje sil It feest ek op toaniel ta libben te bringen.

Ferstuivere of poermâle reaksjes, fleur, eangst, seks, geweld, it sit der allegear yn en net elkenien kin dat op toaniel sa bringe dat it as ‘echt’ oerkomt. Vinterberg wist dat ek en brûkte dêrom in trúkje: de akteurs krigen net it folsleine skript te lêzen en de reaksjes (bygelyks op de toast dy’t de âldste soan op de heit útbringt) binne dan ek foar in part net spile. Soks kinst lykwols mar ien kear dwaan en is dêrom by in toanielstik mei meardere útfierings en mei de repetysjes foarôf by definysje ûnmooglik.

Wat op it skerm bart, moat fansels lykop rinne mei wat der op toaniel dien wurd. Dat fereasket net allinne ‘dûbeld wurk’ – der moat ommers ek filme wurde -, mar ek in strakke planning en timing. Ik ha yn it begjin al sein, dat it net oan my is om in oardiel te jaan oer de tekst as de basis foar in goed en útfierber toanielstik. Dat is yn dizzen benammen oan de Stifting Frame dy’t mei de Fryske bewurking yn hannen, foar de útdaging stiet it stik ek diedwurklik op ‘e planken te bringen.

Lit Ate de Jong – as opdrachtjouwer foar de bewurking – eefkes witte oft it spile wurde sil, en sa ja, wannear’t de premjêre is?