Jaap Krol, M/F

De nijste Krol:
pas ast it út hast, kinst it lêze

28/11/2006
Jaap Krol M/F, ISBN 90 5615 129 0, Bornmeer

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Ien fan de iennige skriuwers, of miskien wol de iennige,  dy’t de lêzer sa fier krijt dat dy in boek twa kear achter elkoar lêst is Jaap Krol. Alteast in twadde kear lêze moatte soe. Kinst net oars, want pas oan it ein wurdt dúdlik datst fan begjin ôf oan net begrepen hast wêr’t it om draait: M/F, Krol syn tredde boek, ferrifelt dy: de struktuer stekt razend knap yn elkoar.

Yn Nûmers Jaap Krol syn yn 2004 ferskynde bondel, giet it om ‘gewoane’, moaie ferhalen. Ek sûnder de struktuerboarterijkes dy’t ek hjir – net binnen, mar tusken de ferhalen – in rol spylje, binne de ferhalen los fan elkoar te genietsjen en foar elkenien goed nei te kommen: ‘Krol foar begjinners’ sis mar. Folle eksperiminteler fan aard wie it lange titelferhaal yn Krol syn debút Wettersek (2002) dat yn omkeard gronologyske folchoarde skreaun is: in boek foar trochsetters. M/F is foar elkenien te lêzen, mar de klû is foar de fynpriuwer dy’t de tiid nimt om op ûndersyk út te gean. It begjint by it begjin, yn seis haadstikken wurdt it ferrin fan in wike yn it libben fan Henk Faber en Mofro beskreaun, en einiget op de lêste side. Teminste, sa liket it yn earste ynstânsje, mar eins is in soartgelikens lêsprosedee noadich as by Wettersek, want pas ast it boek út hast, kinst it lêze.

Henk Faber en syn Mofro libje yn in fersutere hûs. Henk set in pear kear deis nei de benzinepomp ta om iten en foaral ek om drank yn te slaan en fierders deadzje de beide de tiid mei scrabbelje, nei ferskes fan de Beatles harkje en ‘sinke’, oftewol: sitte en drinke. Gauris wurde de dagen besletten mei in freugdeleaze frijpartij wêrby’t sý steefêst yn sliep falt. Dat binne sa’n bytsje de yngrediïnten wêrmei’t it grutste part fan M/F opfold wurdt.

In pear dingen falle op, lykas Henk dy’t it spultsje altiten winne moat en weromkearende eleminten as it hout yn de rotsoaitún, in roek dy’t hieltyd wer foar it finster opdûkt en elke kear as de radio oanset wurdt, is der nijs oer in oerfal op de buurtsuper. Der binne dialogen dy’t prachtich om te lêzen binne mar op ynhâld net in soad om hakken ha: tusken Faber en Mofro en tusken Faber en Himhar, dy’t achter de kassa fan it tankstasjon stiet. Typysk Krol is bygelyks in dialoochje tusken twa mannen dy’t beide Henk hjitte. Twa personaazjes deselde namme jaan kin ferteltechnysk net, útsein by Krol:

–       Henk, wat moat ik no mei in strânbal?
–       Henk, der binne fierste folle oer. Nim mei!
–       Henk, wy ha leaver in setsje handoeken. Of in oanstekker op LPG.
Mar Henk Patje joech in kleurige bal oan him.

–       Of in elektryske blikiepener, Henk.
–       Je binne noait te âld foar in bytsje wille Henk. Nim mei en hjir wei!

En Krol is Krol yn observaasjes as dizze:

Bygelyks oer de tún: Yndie it wie net in rotsoai, it wie gewoan noch net oprêden. Of oer ferlieze: Der wie neat tsjin te dwaan. Ferlieze wie de tiid trochkomme. Ferlieze wie de tiid in hân jaan. Ferlieze wie wachtsje op it momint dat it ferlies draachlik waard. Of dat der in ûnderwerp wie om oer te praten, sadat it ferlies miskien ferjitten wurde soe. Of de heechsteande diskusje op de radio tusken twa dj’s op side 109/110: Wa’t mear ‘tiidsgeast’ yn de literatuer ha wol, krijt hjir folop syn gerak.

It ferhaal is sà subtyl opboud dat eleminten wêrfanst tinkst dat dy wichtich wêze sille hielendal net fan grut belang blike te wêzen, wylst alderhande sljochtweihinne makke opmerkings dat àl binne. Al sit der de nedige Krolliaanske humor en filosofy yn M/F bewuolle, as lêzer fregest dy allegeduerigen ôf watst dermei moatst, mei sokke lapswânzen, en wêr’t it allegear hinne moat mei Henk en de frou. Op dy fragen wurdt dan ek betûft ynspile mei kommentaren fan de ‘alwittende ferteller’‘Je kinne sizze…’ of ‘Guon moatte witte dat…’ In moaienien is dizze:

Guon sille sizze: Henk Faber docht him foar as in swakkeling, mar as er kin, slacht er ta. Dat type mins is it bêste ôf yn in net-subsidiearre wurkkamp, mei wurktiden fan sân oant sân. Sûnder skoft. (s. 83)

Dat soest yndie sizze…

En mei sokke kommentaren bliuwt Krol de lêzer dan ek, op ferrifeljende wize, hieltiten in slach foar…

De titel, M/F, soe slaan kinne op de ferteller m/f, mar miskien ek op Mofro dat ‘moaie frou’ betsjut of op Himhar (him / har), Henk Faber syn bynamme foar de persoan dy’t in wike lang ynfalt foar Henk Patje, de fêste krêft yn de shellshop. Dizze Himhar blykt in krusjale rol te spyljen. Nee, ik fertel hjir net hokker! Al dit: Net allinne syn namme hat in symboalyske betsjutting, M/F as gehiel is ien fan de net al te folle Fryske boeken dy’t werklik as ‘mearlagich’ oan te tsjutten binne.

Krol skriuwt as in wiskundige, it boek is in puzzel, in spultsje wêrfoar jildt: 3 x woordwaarde. Net alle fragen wurde oplost, ek nei in twadde kear lêzen bliuwst – om scrabble mar ris metafoarysk yn te setten – mei in pear blokjes sitten dêr’t gjin oar wurd mear fan foarme wurde kin as it freegjende: wêrom?

Oan de ein fan it boek bart der fansels wat, it barren set de hiele struktuer lykwols sa op de kop dat de lêzer dêrnei eins net oars kin as werom blêdzje en nochris by it begjin begjinne.

Ik soe my yntinke kinne dat guon safier net komme: siden oanien scrabbelje sil net oan elkenien bestege wêze. Ek kin ik my skoan yntinke dat dejinge dy’t àl trochset it boek nei de lêste side oan kant leit, net begripend oan de skouders lûkt, yn himsels pûlemûlkjend nei de benzinepomp ta set om in stikmannich blikjes bier, wite wyn of in flesse reade port.

Dý lêzer sil derachter komme dat der, anno 2006, by de tankstasjons allang gjin alkoholika mear te besetten binne.