Kâldfjoer, Margryt Poortstra

HEALWEI REKKET IT FJOER DER WAT ÚT

Kâldfjoer, roman fan Margryt Poortstra
170 siden, ISBN 90-73554-79-9, Utjouwerij Frysk en Frij

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Damesleafde

De lêste twa útjeften fan Frysk en Frij hat Hedzer Oostra yn syn opstel (Kistwurk nûmer VII) oer homoseksuele eleminten yn de Frysk literatuer net mear meikrigen. De haadpersoan yn Margryt Poortstra ‘s ‘Kâldfjoer’ hat nammentlik in lesbyske relaasje en ‘Lytse roman fan John Fels’ fan Aggie fan der Meer (besprek yn dit nûmer fan Kistwurk) giet oer de bân tusken it jonkje John Fels en in man fan twaentweintich.

‘De ‘damesleafde’ komt der wat bekaaid ôf sa,’ skriuwt Oostra, ‘mar binne ek minder spoaren fan te finen,’ Mei ‘Kâldfjoer’ wurdt de skea yn dizzen in bytsje ynhelle en ek yn earder wurk fan Poortstra is der sprake fan spesjale gefoelens tusken froulju.

It lesbysk wêzen fan de haadpersoan Hike is in gegeven op ‘e eftergrûn, de setting wêryn’t it ferhaal him ôfspilet en is funksjoneel as ferklearring foar it feit dat har bern gjin heit hat. Dy jonge hie se eartiids nea wat foar field en de jierren tusken him en de komst fan har freondinne Nynke binne seksueel blanko.

De relaasje dy’t de froulju ha – oan it ein fan it boek wurd der braaf troud – komt hiel natuerlik oer. Sterker noch: it is al sa gewoan, dat it yn de resinsje fan it boek troch Jabik Veenbaas yn de Ljouwerter net neamd wurdt en in diskusje sil homoseksualiteit yn dizze tiid al hielendal net mear opsmite.

It ferhaal

It ferline fan de haadpersoan, Hike, út ‘Kâldfjoer’ bestiet út twa parten: foar en nei de brân. Heit en mem hienen in winkel, doe’t se achttjin wie, hie der brân west en moast de húshâlding ferhúzje. Hike praat der net oer:

‘Ik hie noait omsjen wollen, ik koe der neat mei.’

Troch in gearrin fan omstannichheden wurdt se mei it ferline konfrontearre. Har freondinne Nynke fynt dat se oer har jeugd prate moat, har dochter Reny – Nynke hat har krigen nei in koartduorjende frijerij op har achttjinde – wol witte hoe’t it doedestiids west hat en har mem hat in beroerte hân. Troch petearen mei har broer en suster komt se oan de weet hoe’t it allegear sitten hat. In wichtige rol by it werombringen fan it ûnthâld is de bou fan de winkel en de wenning fan eartiids as in miniatuer, in poppehûs.

Al bouwend komme Hike har oantinkens werom, te begjinnen by de kelder, de eangst, dan de gevel, de keurige húshâlding dy’t se west hienen.

Ik koe der net omhinne, likemin as om it poppehûs dat no oan ‘e keamer en de winkel ta wie, de ûnderste ferdjipping, de gevel, dy’t tsjin de muorre fan de wurkpleats te wachtsjen stie om úteinlik it slútstik te wurden, de doar dy’t alles wat him yn it hûs ôfspile ferstoppe. It lit my net los. (s. 68)

Der binne twa geheimen bleat te lizzen foar Hike: wêrom hat har mem noait nei de heit fan har bern frege, en it twadde is hoe’t it eigenlik mei dy brân sitten hat. Oan it ein fan it boek is dúdlik wat der bard is. It earste hat te krijen mei mem har eigen libbensferhaal, it twadde ‘geheim’ is dat mem de winkel sels yn ‘e brân stutsen hat. Dúdlik wurdt lykwols net wat har motivaasje west hat.

Ferwachtings

Fan de nije roman fan Margryt Poortstra hie ik hege ferwachtings. Genoaten hie ik fan de ferhalen út de bondel ‘In soarte fan swijen’, se skriuwt hiel poëtysk, it ferhaalFrijbygelyks is hiel tear en oandwaanlik. Dizze roman lykwols, hoe moai Poortstra ek skriuwe kin, gie my op in stuit, sa nei in side as sechstich ferfelen.

It feit, dat Hike nei oanlieding fan it bouwen fan in poppehûs mei har ferline oan ‘e slach giet, en dit bouwen derby ek nedich hat, suggerearret dat der wit wat oan ‘e hân west hat. It begjin fan it boek, benammen de herinneringen by it bouwen fan de kelder, jouwe in spanning dy’t de skriuwster net fol wit fol te hâlden. Seker, de haadpersoan wit net alles oer har ferline, eltsenien hat syn eigen herinneringen, ûnder mear yn petearen mei har broer en suster heart se dingen dy’t sy net wit of dy’t sy oars belibbe hat. Mar it feit dat se earder net omsjen wollen hat, suggerearet dat har jeugd tige traumatysk west hat, dat der enoarme ‘geheimen’ west ha, in grut drama. Hike komt wol dingen oan ‘e weet: mem hat it hûs yn brân stutsen, mem hat altyd witten wa’t de heit fan har dochter Reny west hat, mar de geheimen bliuwe. Der is wol dúdlik wat der bard is, mar it wêrom derfan wurdt net helder.

Slimmer as dat is dat der yn it boek ek net op yngien wurdt.

Yn it begjin fan it bouproses komt it ûnthâld werom nei oanlieding fan de kelder, de gevel. Letteroan spylje kontakten, benammen mei de broer en de suster, in wichtiger rol. It bouwen fan poppehûs is in moaie fûnst, mar it is spitich, dat dit fierder wat mear útwurke is, it brocht spanning yn it ferhaal.

Oare kritykpunten binne, dat it boek einiget mei in epilooch. Dit is neffens my in swaktebod. Fierders is de heit fan Hike, in noartske, hurd wurkjende man, in klisjee.

By al dizze krityk is Kâldfjoer in ‘leaf’ boekje, de tematyk is neffens my lykwols net genôch om in roman drage te kennen en hie better ta syn rjocht kaam yn in koart ferhaal. Yn de bondel In soarte fan swijen hat Margryt Poortstra sjen litten dat dêr har krêft leit.