Libben reach, Greet Andringa

in ynkompleet systeem

maart 2008

Hjir besprutsen: Libben reach fan Greet Andringa, útkaam yn de rige Fryske Modernen by de Friese Pers Boekerij, ISBN  9789033006692, 250 siden

andringa libben reachDe measte jonge memmen slagget it en bliuw oan de goede kant fan de grins, mar inkeldris giet it mis. Yn Libben reach smyt mem Geeske, nei de berte fan har twadde berntsje, in jonkje, de âldste, Tjitske, fan de trep en it berntsje rekket, yn koma, yn it sikehûs.

Wie it in ûngelok? Hat haadpersoan Geeske it te drok hân? Is der sprake fan in postnatale depresje? Sokke lytse pjutten fan twa, trije jier binne by steat jin it bloed ûnder de neils wei te heljen. Soest se betiden achter it behang plakke. Foar elk dy’t bern hân hat sil de sêne dy’t oanlieding is ta it ‘ûngemak’ wol werkenber wêze, bern sitte no ienkear net op de roaze wolkjes fan de bertekaartsjes, dy sangerje dy om ’e kop, by foarkar ast it drok hast, wurch bist of leaver wat oars dwaan wolle soest. ‘In spiker moat ek in kop ha’, wurdt wol sein, mar, earlik sein: lytse bern binne betiden it leafst as se sliepe.

Yn in prolooch fan fiif siden wurdt de oanlieding ta de rest fan it boek delset. Triuwst in bern net samar fan de trep, der moat wat mei de mem oan de hân wêze dat de oarsaak is om sok slims te dwaan. As Tjitske yn it sikehûs leit, seit de suster tsjin mem Geeske: “Praat yn alle gefallen tsjin har. Jou har hâldfêst. Lês har foar, fertel har oer jim libben.”fernimstige opset en prachtich fan styl

Dit ‘hâldfêst’ hat fansels mei it lytsfamke net in soad te krijen, it is de mem dy’t yn ferhalen hâldfêst siket. It earste elemint, ‘foarlêze’, foarmet de wapening yn dizze fragmintarysk opsette roman wêryn’t de ik-persoan fertelt oer har libben en dat fan leden fan de famylje fan memmeskant. Elk haadstik begjint mei it fragmint fan in mearke, dêrby giet it net om it ‘en sy libben noch lang en gelokkich’, krekt oarsom, it draait om it bleatlizzen fan de ‘myte fan de lokkige famylje’. Sa’n famylje is in ‘libben reach’, sitst der ‘mei de rêch yn fêstplakt’, it hat ynfloed op dy, kinst der net omhinne, mar ‘jo witte nea wat der bart as jo oan de tried fan in spinreach lûke’ en ‘Wêr yn ’e frede is dan de frijheid te finen?’

In foarbyld fan sa’n mearkefragmint, út ‘it ûnsjogge einepykje’ (haadstik fjouwer, s.65), is dit:

‘Mar it earme eintsje dat it lêst út it aai krûpt wie en der sa ûnsjoch útseach, waard biten, pikt en foar de gek holden, troch sawol de einen as de hinnen. ‘Hy is te grut!’ seine se allegearre en de kalkoenske hoanne, dy’t mei spoaren oan op ’e wrâld kommen wie en dêrom tocht dat er in keizer wie, blies him op as in skip mei bolle seilen en stode op it eintsje ôf; dan die er fan klok-klok-klok en syn kop waard hielendal read. It earme eintsje wist net wêr’t er gean of stean moast; hy wie fertrietlik om’t er sa ûnsjoch wie dat it hiele einehôf him de gek oanstuts.’

Dêrmei is it tema fan it haadstik dúdlik, it haadstik sels is opboud út fragminten mei de kopkes ‘it aai’, ‘biten en pikt wurde’, ‘de einen en de hinnen’, ‘opblaasd, te grut’, ‘dan die er fan klok-klok-klok en syn kop waard hielendal read’, ‘de keizer sels’ en ‘it einehôf’. It earste giet oer de relaasje fan Geeske mei har bern, it twadde oer Geeske as it famke dat pest waard, mar net allinne Geeske waard pleage, it oerkaam ek har Dútske beppe. En wat sei Geeske har mem doe’t sy frege oft sy op ballet mocht: ‘Kom do mar ris eefkes by my, mei dyn fjouwerkante bealchje en dyn oaljefantemotoryk!’.

Toch stjonkt de skriuwster net yn de falle fan it skriuwen op stramyn. It haadstik dat oer ‘peste’, ‘der net útsjen’ en ‘der net by hearre’ giet, hat ek hiele oare ferhalen yn him: de loopgrave-oarloch fan oerpake Heinrich, pake Gauke dy’t oeral syn drankflessen ferstoppet, it mear polityk-histoaryske, suver Aggie van der Meer-achtige fragmint ‘De keizer sels’ oer it Dútslân nei de vrede fan Versailles.

Yn it iene haadstik is de relaasje mei it mearkefragmint koherinter as it oare, soms sit it ferbân mear yn der titels fan de famyljeferhalen as yn de ynhâld derfan. Is dat in swakte? Nee, krekt net, dat Greet Andringa net al te rigide mei de keazen opset omgiet, is no krekt ien fan de sterke punten fan Libben reach.

Der binne oantinkens oan har eigen libben, it peste wurden as bern, jierdeibesites, útfanhuzerspartijen, trouwerijen, mar der is ek it no fan de frou dy’t har dochterke fan de trep smiten hat, de relaasje mei de partner, twa minsken dy’t elkoar net langer begripe. Fierder giet Geeske der mei de bânrekoarder op út om famyljeferhalen te sammeljen, oer harren libben, oer oarlogen en polityk, oer harren relaasjes, oer harren âlden. Achter it ideale plaatsje fan de waarme en lokkige famylje dat de famylje èk is, leit mear: de oerpake dy’t himsels, as er it kontakt mei de bern ferlern hat, tekoart docht, in pake dy’t in drankprobleem hat en as in soartemint fan hústiran oer syn frou regeart, in beppe dy’t har earste man ferlear yn de Twadde Wrâldkriich, deaberne berntsjes, in muoike dy’t tagelyk beleave is mar ek it ‘swarte skiep’ en op in stuit yn it psychiatrysk sirkwy bedarret, relaasjes fan de hjoeddeiske generaasje dy’t stikken gean.

In hiel soad fragminten binne prachtich skreaun, Andringa giet neat út ’e wei as it giet om it ferskuorrende fan de emoasjes dy’t minsken ûndergean kinne, har styl is betiden fenomenaal. Greet Andringa hat in skerp observaasjefermogen en it slagget har en libje har yn al dizze minsken yn. In pear sitaten:

In petear mei pake en beppe, oer hoe’t dy beide elkoar moete ha, beide ûnwis oer wat se fertelle kinne, wifeljend en stipe sykjend by elkoar:

‘(…) En dat bliek achternei Gauke, pake te wêzen. En fertel dan no mar wêrom asto dêr mei dy trein wiest. Fertel mar.’
‘No dat hoecht net iens. Toe mar. Fertel do mar fierder.’
‘Ja, ik wit it net mear.’
(…)
Pake pakt de tried op: ‘No sjoch… Wy…
(ensfh., side 29)

Oer it nichtsje Nynke dat in deaberne berntsje krije sil:

Nynke waard hieltyd grouwer en swierder. En dy búk sylde ek noch troch de romte en tsjin de dingen oan as hearde er net by har. In himellichem. In protte lichem, in ferrekt lyts bytsje himel. Hy keas syn eigen baan, wie folslein ûnbestjoerber. Unbegeanber en ûnbegien: moannelânskip mei ravyngroeden, de binnenstebûten nâle in fulkaan. (…)
Tusken wekker wurden en sliepen wie it lilkaardige achterneefke fan ET út ’e film fan earjusterjûn dat by har yn ’e búk wenne. (…)
(side 75)

Oer muoike Elza, keunstnaresse en fotografe:

Elza heart fan alles. Hûnderttûzen soallen glydzje-slite-stappe op de hurde grûn. Keunstfezel, wol, katoen rûzet by elkoar lâns: monotoane boaiem-eamel, tegearre mei de stimmen. Opteine binne der, lilke en benaude. Hege en lege, âlde en jonge. Trochinoar is it in griisbrún lûd…
Mar dan de pratende hannen!
Ien pear. Fier achter harren klapt: lang lang koart-koart-lang, koart-koart-koart-lang koart-lang! (…) Skerp skel bosteret it op hege muorren by de dyk lâns. Rêgen rjochtsje; fuotten wurde oanfitere; it klappen lûkt oare hannen yn itselde patroan. It rôlet ta, it hellet yn. Kjeld rint Elza oer de rêch. Hoe fangt se dit mei de lins fan har fotokamera?
(oer in demonstraasje, side 106)

Prachtich ek de lêste sêne fan Libben reach: as beppe, dy’t beppe net is, begroeven wurdt, rinne net allinne it no, ferline en takomst troch elkoar hinne, Geeske is net allinne Geeske, sy is ek de froulje dy’t har foargien binne yn it ‘libben reach’. Wat in fynst!

de famylje Wiggersma as systeem

Ien fan de streamingen yn de psychology is de systeemteory mei dêroan ferbûn de (kontekstuele) systeemterapy. In húshâlding, in famylje is dêrby te sjen as in systeem, in ‘libben reach’ wêrby’t it yndividu bepaald is troch, ûnder mear, biologyske, affektyf-emosjonele, geografyske en polityk-historyske bannen. Geeske har roots dy’t foar in part yn Fryslân mar ek yn Dútslân lizze, wa giet mei wa om, wa net mei wa, op it nivo fan de famylje, mar ek de Dútske frou dy’t muoite har har steande te hâlden yn in Frysk fermidden, de beide wrâldoarlogen, it politike aktivisme, bygelyks tsjin de ‘bom’. Geeske har reach bestiet út in hiel soad triedsjes.

Oars as yn de psycho-analyse binne de swierrichheden fan it yndividu swierrichheden dy’t ûntstean yn de relaasje tusken de persoanen binnen it systeem. As mem Geeske dus har berntsje fan de trep mitert dan is der – direkt of yndirekt – mear mei mank dan de fraach oft sy mooglik in postnatale depresje ha kinne soe, der is ek de relaasje fan it yndividu mei de generaasjes fòàr har. Yn it systeemtinken wurdt in probleem net sjoen as op himsels steand mar de kontekst dêr’t it yn ûntstien is wurdt derby behelle.

De kearn fan it boek leit deryn dat Geeske, nei it ‘ûngemak’ mei Tjitske, op syk giet nei har famyljeskiednis. De skriuwster stiet dêrmei yn de tradysje fan de systeemtinkers. De skaadkant dêrfan is dat oan in tal saken dy’t der likegoed ta dwaan moatte soenen, yn relaasje ta it it barren mei Tsjitke, hielendal gjin of amper omtinken jûn wurdt. De swangerskip fan Nynke en dy har relaasjes mei manlju lykje wichtiger te wêzen as de haadpersoan har eigen. Mar Nynke is ‘mar’ in nichtsje. Dat Geeske as bern wat yn har skaad stie, sa’t ûnder mear bliken docht út de hâlding fan Geeske har mem tsjinoer Geeske yn fergeliking mei dy tsjinoer har muoikesister, dat sil seker ynfloed op Geeske har emoasjonele wrâld hân ha, mar hoe’t, hiel detaillearre ferteld, nicht Nynke har frijers moetet en wer fan de hân docht, docht dat derta? Fêst al, mar net yn dit ferbân, perfoarst net as oarsaak en oanlieding fan Geeske har lilke bui nei de berte fan har twadde berntsje.

Alle omtinken yn Libben reach wurdt jûn oan (in part fan) it ‘systeem’, mar hoe wie de tiid nei de befalling foardat Geeske it bern fan de trap smiet? Hoe wie de perioade fan de swangerskip? Wat fûn har man Douwe derfan dat sy swier wie? Libbe er dy njoggen moanne mei har mei of júst net? Al dy dingen ha toch, mooglik, ek ynfloed hân? Mar wêrom sjocht Geeske dêr amper nei, wêrom is it earste dat sy docht der mei de bânrekoarder op útlûke om de generaasjes foar har oer har libben te befreegjen? Dy ferhalen binne foar it meast nijsgjirrich genôch, mar de oanlieding om dy te sammeljen liket my net alhiel logysk, teminste net op dat momint.

Wat ek net alhiel befredigjend is, is dat it aksint op de skiednis fan memmeskant leit. Nicht Nynke is in item, mar hokker plak naam Geeske sels eins yn de húshâlding fan oarsprong yn? Wat is de ferhâlding mei har jongere broer en ferhâlden de âlden har ek oars tsjinoer in âldste bern as tsjin in jongste? Behannelen sy in famke oars as in jonkje? Geeske is in bern fan har mem, mem har famkesnamme is Wiggersma, mar heit Hindrik blykt hielendal gjin part fan Geeske har systeem út te meitsjen. Wa wie har heit? Wat die er foar de kost? Wat fûn er fan syn dochter? Hokker skiednis hat de heit meinaam dêr’t Geeske likegoed it produkt fan is / wêze moatte soe? Binne der fan heites kant gjin paken en beppen?

It út elkoar tiizjen fan it famyljereach is in prachtich gegeven, de fragminten binne ek moai skreaun, mar no’t it yn ferbân brocht wurdt mei it ‘drama’ nei de befalling, mist de helte.

Ik fyn it net slim, mar in kritykpunt op Libben reach soe wêze kinne datst de ‘plattegrûn fan de Wiggersma’s’, achteryn it boek, der út en troch by ha moatst om dúdlik te krijen wa ek alwer wa is yn relaasje ta wa en ta it wannear in ferhaal him krekt ôfspilet. Dêrby hat de skriuwster har eigen famylje as útgongspunt naam, mar, sa seit se achteryn it boek en, mei oare wurden, ek yn in radiopetear mei Karin Bies yn it human interest programma Buro de Vries (16/3/08): ‘Dit boek is net De Waarheid. Oare minsken hiene grif wer hiele oare bûlen blaasd út it oersop dat ik mei se diel.’

Dat Libben reach in persoanlike ynterpretaasje fan alderhande famyljeferhalen is, net dy fan Geeske mar ek dy fan de skriuwster, is, yn myn eagen, tagelyk de makke derfan. By it lêzen sweef ik konstant earne tusken opteinens oer de fernimstige opset en de prachtige styl, mar der is tagelyk ek gauris sprake fan ferfeling. It hippen fan it iene fragmint oer dy-en-dy nei it oare oer doe-en-doe makket dat ik nei de earste likernôch sechtich siden net werklik mear meisleept wurd. Oan de iene kant is der it manko fan mar ‘de helte’ fan Geeske har reach, de ferhalen fan memmeskant, tagelyk is der te min rekkening holden mei de lêzer troch alles/tefolle fan wat Geeske oer har famylje wit en mei har mei- en trochmakket mei te nimmen. Te faak is der dêrtroch in ‘krije wy no dit ferhaal’-reaksje fan myn kant, gauris ha ik de oanstriid it boek oan kant te lizzen. Libben reach hinget dêrmei yn tusken it mislearre eksperimint fan it al te persoanlike ‘neat út de eigen skiednis oersljochtsje wolle’ en in boek dat op guon punten bewûndering ôftwingt.