Lytse do, Marga Claus

TUSKEN IT HOE EN WAT
AS DE SKRIUWER OP  DE AUTOBIOGRAFYSKE TOUR GIET

30/12/2006
Besprek Lytse do,  Marga Claus, Utjouwerij Fryslân

claus lytse doIn deiboek hat in foarm dêr’t net in soad oer te sizzen falt: (sawat) alle dagen wurdt in stikje skreaun. In struktuer fol losse eintsjes is dan ek gauris ynherint oan it sjenre. Lestiger is it wat oer de ynhâld te sizzen: dy is strikt eigen, en op in folle eksplisitere wize noch as wannear’t it om hiel persoanlike gedichten of in autobiografyske roman giet. Wat de skriuwer meimakket, syn oantinkens en gedachten: yn in besprek kin sinjalearre en beneamd wurde wat der stiet, mar fierder is it biedwurd: ôfbliuwe. Publikaasje makket de skriuwer altiten kwetsber, mar foar in deiboek jildt, mear as by hokker sjenre ek, dat kommentaar op bygelyks de psychology faak in ûnmooglikheid is. Soe it de skriuwer syn fisy op de literatuer, de polityk of maatskiplike ûntwikkelings delsette, dan kin it deiboek ta diskusje liede, mar wat as it giet om kuiers mei de hûn, hûs-tún- en keukenferhalen, oergongsperikelen, eangstdreamen en… it proses fan beppe-wurden?

Neffens de ‘oantekening’ achteryn lytse do, it tredde boek fan Marga Claus, giet it om in roman yn deiboekfoarm. By it lêzen ha ik lykwols gjin momint it idee dat ik in roman lês. De trije kear dat ik sels swier wie, begûn ik al te skriuwen as ik it noch mar in pear dagen wist. Ik bin behept mei in net yn te damjen driuw ta fêstlizzen. (s. 20)  It boek krige dei- en nachtboek foar in stjerrebern mei as ûndertitel. Fan ien jannewaris oant en mei sechtjin septimber, de dei dat deiboekskriuwster ‘Kike’ beppe wurdt, leit sy har belutsenens by it swierwêzen fan dochter Gitte fêst. Mei’t de frucht har ûntwikkelet, ûntjout ek de psychology fan de haadpersoan har, mar der binne tefolle omballingen om lytse do as roman betitelje te kinnen.

Libben op kommendewei en de eigen mem dy’t der net mear binne foar in part de ûnderwerpen, mar Marga Claus soe Marga Claus net wêze as ek net op in oare wize har meifielen mei de meiminske oan ’e oarder komt. Sa spilet it leauwe in wichtige rol yn it libben fan haadpersoan ‘Kike’ en lykas yn Oxzana is der op ’e nij omtinken foar de minslike kant fan de flechtlingeproblematyk. De ein fan it boek is in treflik foarbyld fan de skriuwster har begienens: net alle berntsjes komme sûn op de wrâld.

Foar my as lêzer, of miskien kin ik yn dizzen better sizze: as lêzeres, as frou, is der oan de iene kant de werkenning: Ik bin mem en dochter en – wa wit – wurd ik, mei twa folwoeksen dochters, nochris beppe. Oan de ein fan it boek nimt ‘Kike’ de tillefoan op en wurdt se oansprutsen mei ‘beppe’. Ik jou daliks ta: in echte ‘tearjerker’.

De syklus fan it kommen en gean fan de generaasjes mei al har lichaamlike en emosjonele aspekten makket fan lytse do in typysk ‘frouljusboek’. (Miskien is it trouwens foar mannen nijsgjirriger, krekt omdat sy yn dit stik fan saken dochs wat mear op in ôfstân stean.) Werkenning dus, mar tagelyk hat sa’n útsprutsen froulik tema my krekt wat in te heech Libellegehalte. Dat tydskrift ha ik al skoften net ûnder eagen hân, dat ik googleje en fyn it folgjende: Anne-Wil, u kunt haar al jaren wekelijks volgen via het blad. Dat is dêr’t it dei- en nachtboek fan ‘Kike’ my oan tinken docht. In gewoan libben, in gewoane frou. Der binne teare fragminten as it om it ynlibjen yn it groeiproses fan it noch net berne popke giet, mar de lêzer wurdt ek op ’e hichte brocht fan alle tillefoantsjes en mailtsjes fan de dochter oer shirtsjes dy’t noflik om ’e búk sitte, slips yn maat-oaljefant en swangerskipspanty’s.

moed en selsfertrouwen

Neist Oxzana skreau Claus de De heit fan Serafyn, it earste op grûn fan it ferhaal fan in Oekraynske flechtlinge, it twadde nei oanlieding fan petearen mei pater Andringa dy’t as misjonaris by de Papûas wurke. Diskear binne it net de ferhalen fan oaren dy’t de oanlieding foar in boek foarmje, al is dat foar in part fansels al it gefal, want lytse do is mei basearre op de kontakten tusken dochter ‘Gitte’ en mem ‘Kike’. ‘Kike’ is dus net Marga Claus, ‘Gitte’ net de skriuwster har dochter en bygelyks ‘Nasr’ gjin besteand persoan, mar tagelyk set de skriuwster dizze saken sels op de kop troch yn it foaropwurd yn te gean op it autobiografyske karakter fan it boek. Dêryn seit se ûnder mear: miskien tsjûget it fan te min moed en selsfertrouwen ast net oer dysels doarst te skriuwen. Sy hat, sa skriuwt Claus, in ‘begeanber paad’ socht tusken ‘earlik’ wêze en genôch ôfstân hâlde ta it werkenbere as it om oare minsken as harsels giet.

It is in boeiende kwestje dy’t Claus hjir op it aljemint bringt. It folslein earlik wêze doare is in wichtich elemint foar it resultaat en dêrmei ek de wurdearring fan literatuer. Mar wat is ‘earlik’ eins?

Ut Lytse do docht bliken dat ‘Kike’ tidens it skriuwen in tal oare deiboeken lies, bygelyks it yndrukwekkende Het verstoorde leven : dagboek van Etty Hillesum, 1941-1943. Yndrukwekkend fan styl, mar ek nei ynhâld: op yntime wize skreau dizze jonge Joadske frou oer har persoanlike ûntwikkeling tsjin de achtergrûn fan de Twadde Wrâldoarloch. Lykas it deiboek fan Anne Frank is Het verstoorde leven in útsûndering op de regel as it giet om it belang fan de fraach oft it beskreaune werklik bard is. Dy fraach hat te krijen mei de skiednis en hoe’t wy – of miskien better sein: guon ekstremistyske groepearrings – dêrmei omgean. By de measte literêre wurken docht it der lykwols net ta oft de ynhâld strykt mei de werklikheid fan de skriuwer. It ûnderskied tusken autobiografy en fiksje is net wichtich, soe dat yn elts gefal net wêze moatte, it giet der om oft it in skriuwer slagget himsels yn it skriuwen te jaan en yn it beskreaune te bejaan. It draait om it hoe en it wat: Hoe’t it skreaun is en wat der skreaun wurdt. It giet om de styl en it hannelet, oft soks no posityf of negatyf útpakt, net sasear om it ûnderwerp mar om de belutsenens dy’t it ferhaal by de lêzer opropt.

Nim Reve. De folskskriuwer berikt de perfekte symbioaze tusken opbou, in eigen styl en – mei de útwrydske en tsjinstridige ôfwikseling tusken tearens en wredens dy’t syn wurk eigen is – de ynhâld. Elk wit bygelyks dat Reve homofiel wie, mar oft de persoan ‘de meedogenloze jongen’ oait diedwurklik in ringel om ’e earen joech – of oarsom -, dy fraach docht foar de literêre wurdearring fan it oeuvre net ta de saak. Ik wol hielendal net witte oft Teigetje en Woelrat echt bestean. Te merken dat sy earne yn ‘levende lijve’ omkuierje, op in Reve-middei yn Blauhûs bygelyks, kin sels in regelrjochte ôfknapper wêze. Dy bleke, wat âldere man, is dat … En is dàt no Teigetje út? Tsssss…

Nee, allinne yn it wurk kinne de personaazjes wêze wa’t sy werklik binne…

Wat is yn in diskusje oer autobiografy en feitlikheden it plak fan lytse do?

Dit boek is ommers it earste wêryn’t Claus it ‘eigen ferhaal’ as útgongspunt nimt. Dat is moedich, seker foar ien dy’t yn 2003 yn in ynterview yn de Ljouwerter noch witte liet dat sy earder ris in autobiografysk ferhaal ûnder skûlnamme publisearre. ‘Mei dat ferhaal,’ sei de skriuwster, ‘ siet ik daliks op dea spoar. Ik woe net langer it middelpunt fan ‘e wrâld wêze.’ It is dý twifel dy’t ek út it foaropwurd by lytse do sprekt. Mar it giet der perfoarst net om oft in skriuwer mei in persoanlik, wier bard ferhaal komt, it giet derom dat it barren sa ynfielber mooglik beskreaun wurdt. As dat sa is, docht it der net ta oft de skriuwster yn it echte libben al as net beppe wurden is. Yn de ‘literatuer’ giet it der net om ‘oft’ soks it gefal is mar ‘hoe’t’ it wêze kinne soe.

Los fan de ynhâldlike kant betsjut dat in ‘dy jaan’ as skriuwer. Mei lytse do hat Claus dêr no in earste oantrún ta jûn, mar eigen oan dizze foarm en de opset fan it ‘dei- en nachtboek’ is dat der nochal wat ditjes en datjes yn steane dy’t meitsje dat grutte parten fan it boek toch wat ferfele. Earlikheid sit net yn de relaasje tusken it skreaune en de ‘feiten’, earlikheid sit ek yn de wize wêrop’t de skriuwer mei syn gegevens omgiet. Al of net in namme feroarje is in ûnfolsleine foarm fan earlikheid. It is net genôch. Earlik sit yn alles op tafel goaie en útwurkje. Mar earlikens sit miskien folle mear sels noch yn it fuortlitten fan parten fan de werklikheid, want hoe earlik de feiten ek werjûn binne, de wierheid rjochtfeardiget net altiten it ferwurdzjen derfan: ik wol witte fan ‘Kike’ har dreamen – de moaiste parten fan it deiboek, mar ik hoech net te witten oft der al as net in klyster yn har tún sit, hokker ûnderbroeken de dochter draacht en oft de hûn teken hat. Earlik: ja. Nijsgjirrich? Mwah…

De foarm fan it deiboek is hielendal net needsaaklik, in boek hoecht net iens autobiografysk te wêzen, sels yn folslein fiksjoneel wurk kin de skriuwer earlik wêze, want it giet derom yn hoefier at de skriuwer doart te gean.

‘Kike’ is perfoarst de alderleafste beppe dy’t de lytse dogeneat dy’t nei njoggen moanne deiboekjen it ljocht sjocht harsels winskje kin en in boek as lytse do, foar in stjerrebern, past dêrby. ‘Kike’ hat wolris in min sin, mar nuvere oanslaggen hat sy allinne yn har dreamen. It binne dize nachtmerjes dy’t meitsje dat ik my op in stuit ôffreegje oft in folgjende ‘Kike’, lykas in personaazje fan de Flaamske skriuwster Kristien Hemmerechts docht, leave, lytse berntsjes wolris yn de waskmasine triuwe kinne soe.