Lytse roman fan Jon Fels, Aggie van der Meer

KNAP FERBURGEN MORALISME YN SFEARFOL BOEKJE

‘Lytse roman fan Jon Fels’, Aggie van der Meer, 128 siden, ISBN 90-73554-80-2, Utjouwerij Frysk en Frij

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Nei twa bondels poezije komt Aggie van der Meer mei har proazadebút ‘Lytse roman fan Jon Fels’. Har eardere wurk, ‘De stêd, it bist, de ingel’ en ‘Hân oan ‘e muorre’, waarden net al te posityf ûntfongen. Kritisy neamden har poëzije te keunstmjittich, grôtfol bibelske bylden en histoaryske stof, net spontaan, te moralistysk en de kryptyske kant it neist, wyls de lêzer nearne selsbyld en selshâlding treft.

De ‘Lytse roman fan Jon Fels’ is dúdlik ‘in Aggie’: motiven sa’t ik dy earder yn har fersen sjoen ha binne dúdlik yn har proaza werom te finen, mar fan keunstmjittigens is hjir perfoarst gjin sprake. Troch de psychologyske ûntwikkeling fan de haadpersoan, it gebrûk fan wikseljende perspektiven en libbensechte dialogen te ferbinen mei de typyske Aggie van der Meer-eleminten as ‘De Ivige’ hat Aggie van der Meer in hiel persoanlik, werkenber en goed nei te kommen ferhaal skreaun.

De tekening op it omslach – in ûnskuldich, dreamerich jonkje yn waarme kleuren -is, lykas by har poëzijebondels, fan de skriuwster sels en past by de ynhâld.

It ferhaal

De haadpersoan, it lytse jonkje Jon Fels, hat syn heit ferlern. Yn ‘e dúnen krijt er kunde oan Warner, in man fan twaentweintich jier, dy’t op jonge jonges is. Sa’t Jon yn it begjin fan it ferhaal syn boartersguod hat om mei te praten, û.m. mei Hindrik, dy’t alles wit en mei Drika dy’t er syn eangsten fertelt, sa wint dizze Warner stadichoan syn fertrouwen.

Lykas syn ferstoarne heit wit ek Warner in soad oer fûgels en mei dizze man kin er prate oer mem har nije freon. De man hâldt himsels ôfsidich fan de mienskip. Hy is yn it doarp kaam te wenjen, neidat er út syn earder wenplak fuort pest is om syn freonskip mei in jonkje út it doarp. Rabberij achterfolget him ek hjir en op in stuit krijt de mem te hearen, dat der mei dy Warner eat net doocht. De mem siket kontakt en freget him op de man ôf hoe’t it sit. In wiete tút, dêr is it by bleaun, sa docht bliken. Der is Jon ek noch om tastimming frege. Warner wit wêr’t de grinzen lizze, hy is yntelligint en earlik tsjinoer de mem wylst sy sa ferstannich is om net daliks te ferbieden mar earst te ûndersykjen. It is net sa dat Warner syn ferhâlding mei de jonge en syn seksuele gefoelens foar bern dêrmei akseptearre binne. Fansels hat de mem der muoite mei. Fan in feroardieljen fan minsken sûnder kontakt te hâlden is lykwols absolút gjin sprake, sa’t bliken docht út ûndersteand fragmint fan it petear tusken dy beide:

“En dan? Is er dan frij om te kommen?”
“As er dat wol, as er dy folslein fertrout, as ik dy folslein fertrou, miskien, miskien. …” (s.118)

It boek is skreaun fan út ferskillende perspektiven wei, dy fan it jonkje dat syn heit mist, dat fan de mem dy’t wrakselt mei de fraach hoe’t se de jonge har nije freon akseptearje litte kin en wat se as âlder oan moat mei de freonskip tusken har jonkje en Warner, en dat fan Warner dy’t nettsjinsteande syn eroatyske gefoelens foar Jon, net oer de grinzen hinne gean wol en kin.

“De jonge wie fuortgein. Mei in hânfol drop foar ûnderwies. Lytse treast….” (s. 87)

Oeral brûkt Aggie fan der Meer de hy-foarm, dêrtroch kin de lêzer, lykas as yn har poëzije, de skriuwster net te ticht op ‘e hûd komme. As persoan komt se nei foaren yn de beskriuwing fan Jon syn Beppe: in striidbere frou fan Roomske komôf.

De wurkwize sa’t dy brûkt is yn ‘De stêd, it bist, de ingel’, it werheljen fan bepaalde motiven, docht ek hjir syn fertúten. Bistesykten en it ferbaarnen fan fee, ‘de Ivige’ dy’t no en dan om ‘e hoeke setten komt, kening Thor dy’t geregeldwei syn kommentaar jout op de rin fan ‘e dingen: it binne eleminten dy’t troch it hiele ferhaal ferfrissele binne.

“Fan kening Thor wurdt net ferwachte dat er seit wat er sjocht of dat er syn miening jout oer wat er heart: it suchtsjen fan ‘e see, it lôgjen fan it fjoer, it nijs op ‘e flerken fan ‘ wyn.

En sa is er wûnderbaarlik lang de iennige dy’t wit watfoar man him sûnt koart of wiffe fuotten en oer souderige grûn ûnder syn eachweid ferskûle hat.” (s. 50)

Hokker Thor wurdt hjir bedoeld? De Thor as beskermer fan it húslike libben? Of de Thor dy’t in lyts jonkje kado krijt?

Wêrst by it lêzen fan de poëzije fan Aggie van der Meer, op in stuit it idee krijst fan, ja, it is wol moai allegear, mar it bliuwt tagelyk ek hieltyd mear fan itselde. Wêr is no it persoanlike? Yn ‘Lytse roman fan Jon Fels’ is it werheljen fan tema’s en it wrâldbyld fan de skriuwster absolút gjin steurende faktor. De moraal, dy is der wol, mar is ferburgen yn in moai ferhaal. Mear as yn ‘e poëzije draait it yn in roman benammen om de psychologyske ûntwikkeling fan de haadpersoanen. Dat is hjir goed útwurke. Oars as yn har beide bondels giet it hjir om it sjen litten fan de wrakseling fan yndividuën mei libben en dea. Oer feroardieling en akseptaasje fan wa’t oars is. Oer de ûnmooglikheid fan de kar dy’t minsken yn har libben gauris meitsje moatte. De twifels fan de mem, it jonkje dat geandewei it ferhaal de dea fan syn heit ferwurket, de wrakseling fan Warner mei syn seksuele foarkar: de skriuwster set in hierskerp byld del fan de wrâld fan it jonkje Jon Fels en syn neisten. Werkenber, mar perfoarst net deistich en skreaun yn in prachtich poëtysk Frysk. As der al in boadskip ferkundige wurdt, dan is it dy fan it besprekber meitsjen, it net ôfgean op rabberij allinne, it net yn it foar feroardieljen fan dy man dêr’t sa oer praat wurdt.

Wylde seks mei lytse jonkjes

It tema fan de leafde, freonskip en erotyk tusken folwoeksenen en bern wurdt yn it artikel fan Hedzer Oostra (Kistwurk VII) oer de homoseksuasliteit yn de Fryske literatuer net oanhelle, en dat it dêr’t it yn ‘Lytse roman fan Jon Fels’ om giet. Al liket de homofile leafde en/of seksualiteit ek yn de Fryske literatuer in akseptearre fenomeen te wêzen (sjoch ek it besprek fan ‘Kâldfjoer’ fan Margriet Poortstra), dat fan de pedofily is dat perfoarst net.

Yn dit boek gjin feroardieling fan gefoelens. Mar wat soe der bard wêze as bliken dien hie dat Warner tsjinoer de mem begûn wie te draaien en te ligen? Wat as de ferteller de tút útrinne litten hie op in wylde, al dan net troch de jonge tastiene frijpartij? En wat soe der fan kommen wêze as se it oandoard hie en lit de man syn hannen oer de jongesknibbels gean, syn koarte broekje ynkrûpe, oan syn billen sitte, it nauwe jongeshol betaaste?

Dêr wêr’t de Warner binnen de peallen bliuwt, hâldt ek de skriuwster har fatsoen en kin de moraal – gjin fûnis op basis fan rabberij – net oantaast wurde, it bliuwt allegear leaf en de ôfwaging fan de mem oft de man en har soan inoar noch sjen meie oe-sa ferstannich.

It nimt net wei, dat hjir in skitterjend boekje skreaun is. En as ik sis boekje, dan ha ik it oer it formaat fan dizze útjefte.