Marga Claus – Bollman en Bollman

hy is sy en sy is him

14 september 2009

Besprek Marga Claus– Bollman en Bollman Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 251 s.

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

claus bollmanBrûkte Marga Claus foar har earste twa boeken de libbensferhalen fan besteande persoanen, yn Oxzana, ferhaal fan in flechtling (2000) dat fan in flechtinge en yn De heit fan Serafyn (2003) dat fan in missjonaris, en wie it tredde, Lytse Do (2006) in deiboek dêr’t it beppe wurden sintraal stie, neffens it omkaft fan har krekt ferskynde, fjirde boek weaget de skriuwster har foar it earst op it paad fan de fiksje. Yn Bollman en Bollman giet it om in fenomeen – travesty –, dat as útgongspunt foar de roman fungearre hat. Dizze reis is it net it werklik libbe libbensferhaal dat der as earste wie, mar it ferskynsel. Toch giet it, likegoed as yn de trije as ‘dokumintêre romans’ oantsjutte wurken, op grûn fan de kennis dy’t de skriuwster sammele oer crossdressing, ek no om in op feiten basearre roman. Diskear is der lykwols sprake fan in fiktyf persoanaazje: Yasper Bollman.

Yn Bollman en Bollman liket Claus begryp kweke te wolle foar travesty troch de minske achter de achter it ferskynsel sjen te litten: syn skiednis, syn fassinaasje, en net te ferjitten de swierrichheden dy’t er hat om himsels wêze te kinnen.

De titel tsjut derop dat der twa persoanlikheden binne: de man, Yasper en dyselde man ferklaaid as frou: Ina. Net yn ’e sin fan in multiple persoanlikheidstoarnis, Yasper is in heteroseksuele man dy’t fassinearre is troch alles wat froulik is en dan ek it leafst as frou troch it libben gean soe. Hy giet lykwols net safier dat er hormoanen brûkt om boarsten te krearen lykas transseksuele manljue dogge, in skearapperaat en keunsttitten foldogge.

As it ferhaal begjint, is biblioteekmeiwurker Yasper syn frou al by him wei. Doe’t se derachter kaam dat hy, as sy in jûntsje fuort wie, as frou de dyk op gyng, koe se net mear mei him libje. Ek syn dochter hat er al in skoftsje net sjoen. En hy sit ek nochris thus, yn ’e syktewet, om lichaamlike swierrichheden. Bûten it medysk sirky (in psycholooch en in magnetiseur) om hat er allinne kontakt mei syn froulike kollega, Alida. Sy siket him geregeld op.

Net allinne yn petearen mei har, ek yn brieven, rjochte oan syn froulike ‘helte’, Ina, yn de ferhalen dy’t Yasper, op oantrún fan syn terapeut, oer syn libben op papier set, sjocht de lêzer him wrakseljen mei syn oars-wêzen. Wie syn ferlet om as frou nei bûten te gean earst geheim, hy komt safier dat er der net allinne oer prate kin mar him ek iepentlik doart te manifestearjen as ‘crossdresser’.

It giet oer sekse en gender, oer it manlike en it froulik elemint yn en tusken minsken.   Sa wurde in tal kearen rigels sitearre út it Heechliet dy’t de eroatyske wurdearring fan de man foar syn geleafde útdrukke: ‘Wat is dyn leafde swiet, myn suster, myn breid, dyn leafde is swieter as wyn en de rook fan dyn salfoalje as alle balsemroken.(…)’ Yn sokke teksten, oanhelle yn ’e brieven oan Ina, fynt Yasper treast. In treast dy’t er ek nedich hat sûnt syn heit him as jonkje strafte troch him in pak op ’e bleate billen te jaan. As it jonkje dêr in stiven fan krijt, klinkt ferachtlik heit syn stim: ‘Soa, dus toch in jonge.’

Moai is ek it ynsetten fan miten. Sa krijt Yasper fan syn terapeut in ferhaal te lêzen oer Wè-Wàh, in jonge dy’t as frou troch it libben mei.

En fansels sjocht de lêzer Yasper oan’e gong mei rokjes, pruken en beha’s. Lear. Side. Make-up. It skearen fan skonken en earms. It ûnderskied tusken travesty en homoseksualiteit wurdt behannele. Psychologyske tests. Besites oan prostituees. De reaksjes fan de omjouwing. Nei Amsterdam om klean. It giet ek oer it plak dat hy en syn suske ynnamen yn de húshâlding fan oansprong, harren ferklaai partijen as bern. De oantinkens oan ’e bernetiid stean yn it kader fan in betide utering fan in oanberne ‘ôfwiking’, mei opfieding hat it net te krijen, al wol dat net sizze dat de heit fan Yasper net ek syn rol spile hat.

Fan it punt dat Yasper troch syn travestyt-wêzen yn ’e swierrichheden rekket oant de ein ta, wit Marga Claus in ferhaal mei in plot op te bouwen. Bytsje by bytsje jout se Yasper syn geheim bleat. It is dan ek ferrekte spitich dat de útjouwer pontifikaal op it omslach set dat it om it beladen ûnderwerp ‘crossdressing’ of travesty giet, dêrmei wurdt it hiele effekt fan in soarchfâldige dosearring teneate dien.

Alles wat de skriuwster yn har syktocht nei achtergrûnynformaasje fûn hat, hat sy ferwurke, yn tinzen, petearen, brieven en ferhalen. Op in stuit is it lykwols tefolle fan it goede en krij ik de oanstriid parten fan de tekst te scannen. It is in keunst om fan opdiene kennis libbene fiksje te meitsjen, mar àlles yn it boek, en dan ek werklik àlles en elkenien, stiet yn it kader fan Yasper syn travesty. Sa hat er lêst fan ’e pols, in kwaal dy’t folle faker by froulju as by manlju foarkomt. In roek dy’t in roltsje yn Yasper syn ferhaal spilet, hat net allinne de namme Wè-Wah krigen, mar draacht ek nochris in broekrok. En wat is der op tillevyzje as Yasper it tastel oan set? Presys: in travestyt.

De ferhaalline rint fan ’e lytse loege sitten – frou en dochter kwyt ensafh. – fia selsakseptaasje nei de coming out en dêr dan it needlottige gefolch fan. Der is in konflikt binnen de haadpersoan, al it oare stiet yn it kader fan dat konflikt. In twadde ferhaalline is der lykwols net, wol in twadde haadpersoanaazje: Alida. Yasper syn besonjes ha har sàdanich yn ’e besnijing dat, sels as se mei har man tegearre is, harren petearen oer Yasper syn crossdressing gean. Dat hâldt yn dat, wyls Yasper mei himsels dwaande is, Alida dwaande is mei Yasper. Al feroaret harren ferhâlding, har rol is, neist in spegel fan froulikheid wêze, him bystean, him oanfiterje en, benammen, as it op ’e wierheid oan komt, him ûnfoarweardlik akseptearje as wa’t er is: in man mei in rokje oan. Yn harren persoanlike kontakten krijt sy in oar byld fan travesty as dêrfoar. ‘(…) Travestiten fûn se altyd mar wat fize manlju. Mar as Yasper it wie, travestyt, of crossdresser, sa’t er himsels leaver neamde, soe se har stânpunt bystelle moatte. As hy it wie, wie it sa frjemd en ferkeard miskien net as dat sy altyd tocht hie.’ (s. 133). En sa kin it samar wêze dat it persoanaazje hjir de ‘bedoeling’ fan de skriuwster ferwurdet en der sprake is fan in Droste-effekt.

Helder wurdt dat it fenomeen travesty hielendal nèt akseptearre wurdt. Net allinne har Alida hat der muoite mei, ek de ôfrin fan it boek lit dat sjen. De lêzer krijt lykwols net de kâns en libje him ek yn yn it wrede perspektyf fan de jonges dy’t Yasper molestearje as er, ferklaaid, yn it park omrint. Ik hie graach mear fan dy kant sjen wollen, sadat ik net allinne meilibje mei twa persoanaazjes dy’t yn feite itselde proses trochgean: de ien yn it akseptearjen fan himsels, de oare dy’t dêr lykop yn giet.