Marga Claus Oxzana, ferhaal fan in flechtling

Marga Claus Oxzana, ferhaal fan in flechtling

25 septimber 2001
Skilderij omslach: Hans Claus.
Omslachûntwerp: Gert Jan Slagter.
Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 322 siden

claus oxzanaIn jier nei it ferskinen fan ‘Oxzana’ fan Marga Claus is de flechtlingenproblematyk yn Afghanistan op ‘e nij aktueel. Wylst de hiele wrâld yn noed sit oer de gefolgen fan de oanslaggen yn New York en yn Washington lês ik dit boek. Ik wie der mei útein set in pear dagen foar de oanslaggen en ik haw it útlêzen, mei sawol it gebalt en gerop fan ‘God bless America’ as ‘Allah Akbah’ op ‘e eftergrûn. Sûnder mis sille de gefolgen fan it barren yngeand wêze, net allinne de kommende dagen, wiken en moannen, mar nei alle gedachten ek de kommende jierren. Foar KISTWURK oanlieding om ‘Oxzana’ te hifkjen en te skôgjen, mei yn it ljocht fan de hjoeddeiske ûntwikkelingen.

It ferhaal

Oxzana, ferhaal fan in flechtling’ is basearre op it wiere ferhaal fan in Oekraynske flechtling út Afghanistan. Koart gearfette: in studinte rekket fereale op in Afghaanske studint fan namme Ghalil. Tegearre mei him en har twa bern reizget se nei syn heitelân. Har alden binne  net gelokkich mei it feit, dat har dochter Oxzana nei Afghanistan giet. Yn it foarste plak sil se om politike redenen as Russyske net al te wolkom wêze, wylst se fierders warskôgje wurdt dat froulju yn it islamityske lân as slavinnen besjoen en behannele wurde. It blykt ek wol út te kommen: Yn Afghanistan wurdt har it libben knap soer makke troch har skoanfamylje. Benammen de mem fan Ghalil spilet in suver lilkaardige rol.  Boppedat is it oarloch en as Ghalil by in oanslach omkomt, wurde de konflikten mei de skoanfamylje noch grutter. Om praktyske redenen trout se op ’e nij en wennet mei har man in skoft yn Oezbekistan. As Russyske frou mei in Afghaansk paspoart is se lykwols nearne wolkom. Lang om let komt se, steatenleas, yn in asylsikerssintrum yn ús lân telâne.

Romantechnyk en ynkonsekwinsjes

Skriuwster Marga Claus hat fierhinne de romantechnyk tapast op in werklik bard ferhaal. It boek is gronologysk opboud mei hjir en dêr yn skeanprinte letters kommentaren dy’t it ferhaal ferdúdlikje moatte. Hjir en dêr dogge har yn it ferhaal steurende ynkonsekwinsjes foar, mar fierders is ‘Oxzana’  in tige ynnimmend libbensferhaal, in ‘documint humaine’, dat jin fan begjin oant ein meinimt.

No’t de Amearikanen hokstikblokboartsje mei Osama Bin Laden (de man fan wa’t tocht wurdt dat er efter de oanslaggen fan 11 septimber sit) yn Afghanistan, it lân wer Oxzana jierren wenne hat, sjoch ik mei oare eagen nei dit boek. Yn ‘e media heare we it lûd fan alderhande knappe koppen dy’t de motiven foar de oanslaggen sykje yn politike, ekonomyske, religieuze, kulturele ferskillen tusken de westerske en de islamityske wrâld. Lit my dêrom yn dit besprek omtinken jaan oan dizze aspekten fan ‘Oxzana’.

Kultuer

It feit dat de skoanmem de oare leden fan ‘e famylje ûnder de kwint hat, soe foar in part bepaald wêze troch kultureel-religieuze achtergrûnen, alhoewol’t dy yn dizzen net te skieden binne fan alderhande persoanlike eleminten. It is spitich dat net dúdlik wurdt hokker fan de twa hjir de oerhân hat. Sa’t Marga Claus dizze skoanmem lykwols delset, ferwurdt se yn myn eagen ta in karikatuer, dat is te sizzen: Se is suver ûnoannimlik.

Wol dúdlik kultuer beskate saken dy’t yn Oxzana oan ‘e oarder komme, binne bygelyks: de ynrjochting fan de wenten,  famyljes wenje mei inoar yn ien hûs en  de posysje fan froulju.

Underdrukking

Nearne yn de islamityske wrâld spylje froulju yn it iepenbiere libben sa’n ûndergeskikte rol as yn Afghanistan: sels ûnderwiis en wurk binne foar har net tagonklik. Yn islamityske kultueren is de wrâld tusken manlju en froulju suver skieden. In moai foarbyld yn ‘Oxzana’ is de beskriuwing fan hoe it der yn de bus om en tagiet: de grins tusken it manljus- en it frouljuspart is troch in streek oanjûn en de measte sitplakken binne der foar de manlju.

Ek kultureel bepaald is, dat as in frou widdo wurdt se mei ien fan de sweagers trout. In lân as Afghanistan ken no ien kear gjin sosjale foarsjennings, mar dit makket froulju wol  botte ôfhinklik fan de famylje. Sawol de broer fan Ghalil as in neef besykje har te ‘beskermjen’, mar beide ha derby finansjele belangen en/of seksuele bedoelings.

Jierren fan twongen oanpassing easkje har ynderlike tol. It is dan ek net frjemd dat Oxzana, ien kear yn Nederlân, har ôffreget wêr’t har âlde krigelens bleaun is.

Yn Afghanistan binne froulju klaaid yn wide jurken mei grutte broeken der ûnder.  Oxzana skuort har ‘wide rotbroek’ nei in konflikt mei de skoanmem oan flarden: Se sjocht it as it symboal fan de ûnderdrukking fan froulju.

Neffens my is it feit dat froulju it bleate fel bedekke yn it foarste plak bepaald troch de seksuele moraal yn Islamityske kultueren en dat hat op himsels net safolle mei ûnderdrukking te meitsjen. Dat, doocht it wol wat Oxzana dêr seit? Is dat in gefolch fan it feit dat Claus de persoan Oxzana as romanfiguer behannelet of it is simpel in fersin binnen ‘Oxzana’ as ‘dokumint humaine’?

Religy

Yn Afghanistan lykje de minsken om Oxzana hinne net botte religieus, teminste net yn de praktisearjende sin fan it wurd, as wy it ferhaal ‘Oxzana’ leauwe meie; de rol fan de Islam komt net echt dúdlik út ‘e ferve. It belibjen fan de religy yn ‘Oxzana’ is sawiesa in wat frjemd troch Marga Claus behannele saak.

As famke dat opgroeid is yn it kommunistyske Ruslân hat religy yn Oxzana har bernetiid nea net in rol spile. Op rasjonele wize freget se minsken: ‘God? Wer is dy God fan dy dan? Ik kin him ommers net iens sjen. Wêrom soe ik der dan yn leauwe?’ En dan is it ynienen: ‘Ik wol sa graach wat leauwe. Werom kin ik dat dochs net. Ynienen fiel ik ljocht ….’  Dat gyng my allegearre krekt wat te hurd of better noch: it is net oannimlik foar wat wy oan dan ta fan de persoan en it karakter fan Oxzana sjoen hawwe.Ek as Oxzana letter yn it AZC yn oanrekking komt mei de bibel is it fan halleluja: in soad iensidich gejubel oer wat der allegearre wol net yn stiet. It makket it ferhaal Oxana der net echt sterker op.

Polityk

Politike omstannichheden spylje allinne in rol op ‘e eftergrûn. Oxzana is ek nogal nayf wat dat oangiet. In pear foarbylden:

Grutwurden yn de kolchov, dêr’t har heit de direkteur is, is se súver lulk as  Ghalil mei oare studinten krityk utert op it kommunisme. Krityk op burokrasy en korrupsy sjocht se domwei as anty-Sovjet propaganda. Ek folle letter noch, as de Mûdjaheddin de macht krije yn Afghanistan:  ‘Sels Mûdjaheddin binne minsken. Wêrom soene se him fermoardzje?’ As se der letter op werom sjocht nimt se harsels beide kearen nayf.

Yn it teken fan oerlibjen

Hoewol’t Oxzana altiten tige prinsipieel is, komt nearne in miening oer de gong fan saken yn Ruslân, Afghanistan of Oezbekistan nei foaren. It bliuwt in suver persoanlik ferhaal en alles wat  Oxzana meimakket, is dan ek fanút har belibjen beskreaun.

As it om de korrupsje yn Ruslân giet, dan docht dat inkeld bliken út de wize wêrop’t der skoalsifers jûn wurde. Yn Afghanistan wurdt Oxzana fan de kast nei de muorre stjoert as se papieren noadich hat. Wat in gesoademiter! In polityk stânpunt wurdt der lykwols nea oan ferbûn, it is suver en allinne oerlibje.

As it werklik om in politike miening fan Oxzana giet, dan fynt men dy oan it ein fan it boek. Oer de behanneling fan flechtlingen yn it AZC is se tige kritysk. Wat de oarsaak derfan is, is net dúdlik: it kin wêze dat de wiere ‘Oxzana’ bang is. It soe ek wêze kinne, dat it hjir om in soarte fan progressyf kristlik tinken fan Marga Claus sels giet.

Eangst foar minsken dy’t  ‘oars’ binne

As wy yn Nederlân flechtlingen sjogge as de grutte oantallen ‘bûtenlanners’ dy’t hjir hinne komme, ferjitte wy dat dizze minsken hjir net samar hinne komme. It ferhaal fan ‘Oxzana’ lit sjen wat oan in flecht foarôf gean kin.

Der binne op dit stuit 4 miljoen Afghaanske flechtlingen, wêrfan’t de measten yn Iran en Pakistan en der wurde noch sa’n 2 miljoen mear ferwachte. Dermei is de flechtingenproblematyk yn dy omkriten spitigernôch aktueler wurden as Marga Claus ferline jier, doe’t ‘Oxzana’  skreaun en útjûn is, foarsjen kinnen hie.

De eangst foar mear oanslaggen wurdt de eangst foar minsken dy’t  ‘oars’ binne. Minsken út ferskillende kultueren krije noch mear wantrouwen yn inoar. Nei de oanslaggen wurde der miljarden ekstra frijmakke foar feilichheid. Benammen minsken út de islamityske lannen sille tenei mear yn ‘e gaten holden wurde. De mem fan Oxzana foarseit: ‘Bliuw op dyn iepenst Oxzana. Tink der goed om. It kin sa wer oars, dat soesto witte moatte. Wy ha it sjoen oan wat der yn Dútslân mei de Joaden bard is. Dêr hjitte it ek goed te wêzen. Wa wit wurde der oer in jier as wat bûtenlanners yn Nederlân ek ferfolge. Neat is ûnmooglik. Sa is it libben. Sa binne minken.’

Oxzana koe net werom nei de Oekraïne. ‘Elkenien hat der it foaroardiel, dat alle Afghanen Mûdjaheddin binne. Moardners’, leit se de minsken fan it IND, de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst út. Se wol net werom, want har bern sille der mei harren Afghaanske úterlik foar Mûdjaheddin oansjoen wurde.

No, in pear wike nei de oanslaggen op it WTC en it Pentagon, sjogge we de earste sinjalen fan moslimhaat ek yn ús lân en it wankt kwea!