Oerfeart, Aggie van der Meer

Boalsert op it snijflak fan de wrâld

Oerfeart, histoaryske famyljeroman, ISBN 90-85660-14-9

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

“Zouden ze het uiteindelijk met elkaar aandurven hun onderdanen met stevige hand te leiden uit het land van ieder voor zich, God zegene de greep en na ons de zondvloed?”

aksjefierdster

It is gjin rigel út Aggie van der Meer har nije roman Oerfeart, it sitaat komt út de Ljouwerter Krante, út in reaksje op de ferkiezingsútslach wêrby’t it CDA op ’e nij de grutste partij wurdt, mar ek sitten ferliest. Yn in ‘Te gast’ sprekt Van der Meer Balkenende en syn partij oan op har rintmasterskip. It ynstjoerde skriuwen seit net allinne wat oer Aggie van der Meer har skriuwstyl, mar jout benammen ek har stribjen nei in ‘leefbare samenleving’ oan. Yn ynstjoerde stikken en út en troch sa’n ‘Te Gast’ pleitet de skriuwster foar saken lykas fergees iepenbier ferfier, skriuwt se oer de relaasje tusken it wetterpeil en it ferdwinen fan de skries en, ûnder de kop ‘Eigenzinnigheid wordt niet op prijs gesteld’ oer it fertrek fan Hirsi Ali en de posysje fan moslimfroulju. Har motivaasje: ‘Als je de discussie niet meer aangaat in de kerk, de politiek, op de markt, omdat je toch niet serieus wordt genomen – mensen hebben immers geen zin in onrust, de vrede moet bewaard blijven, de kiezers behouden en de economische groei niet geremd – dan ben je wel een van degenen die het veld overlaten aan de krachten die spelen vanuit vaste programma’s, gevoelens en culturen.’

Dizze motivaasje lit ‘de aksjefierster’ ek yn har literêre wurk sjen. Yn it Fryske stiet Van der Meer mei dit maatskiplik engaazjement earder yn de tradysje fan Wadman (Yn Adam’s harnas), Riemersma (û.m. Fabryk, Nei de klap, Sinleas geweld) of in Marga Claus (Oxzana) meidat se in oare hâlding en posysje ynnimme as de nijere skriuwers as bygelyks dy út de rûnten fan it eardere tydskrift De Blauwe Fedde. Dy lêsten witte de tiidsgeast wer te jaan – út en troch sublym beskreaun, hingje de personaazjes gauris mar wat om – mar fan maatskiplike krityk liket foarearst absolút gjin sprake. By de ‘jonge’ skriuwers soe allinne Henk Wolf (mei Youmir) wolris in útsûndering wêze kinne.

elk syn oarloch

Yn al har wurk, mar benammen yn har debútbondel De stêd, it bist, de ingel (2000) en de ferhaleroman Untdekking fan de wrâld (2004), kiest Aggie van der Meer posysje. Dat is ek it gefal yn Oerfeart. De machtsmeganismen dy’t in rol spylje yn religy en polityk en ta oarloch liede, natuer en miljeu en de posysje fan de frou binne allegeduerigen weromkommende eleminten yn har wurk. Yn it betsjoenend moai skreaune boek Untdekking fan de wrâld waard it eigen libben beskreaun, fan de ferwûndering fan it bern oant en mei it – âld en wiis – weromsjen. It eigen libben krige syn plak yn de ûntwikkelingen fan dy wrâld; neist in eigensinnich aard moat de twadde wrâldkriich bepalend west ha yn it tinken fan de skriuwster oer fraachstikken fan oarloch en frede. Wat yn de wrâld bart, oft dit no op it mêd fan de polityk, de religy of de keunst is, alles komt by elkoar yn it stedsje Boalsert. Beheint de skriuwster har yn Untdekking foar it grutste part noch ta it eigen libben en it eigen tiidrek, yn Oerfeart giet it ek om de skiednis fan Boalsert, Fryslân, Europa en de wrâld.

Yn dizze histoaryske famyljeroman hellet Agatha Augusta (Aggie) Van der Meer, berne yn 1927,  Pieter Michiel, fan 1813, en har beppe Augusta Nagelmann, yn 1860 yn Dútslân berne, oer fan it Ryk fan de Dea nei dat fan it Libben. Dizze Pieter Michiel wie heal Joadsk en kocht yn 1860 it hûs Beth, it bertehûs fan de skriuwster dat yn 1619 set waard. Dêr fiert Aggie van der Meer petearen mei de beide sibben: wat is der yn harren persoanlik libben bard, wat yn it tiidrek fan harren bestean en hoe sjogge de trije tsjin elkoars ferhalen oan.

Sa wurdt de ferminging fan in katolike famylje mei har Joadske achtergrûn útinoar helle. It ferhaal beheind him net inkeld ta de skiednis sa’t de trije dy sels belibbe ha. Middels krantestikken, brieven en benammen ferhalen, komme ek alderhande oare histoaryske, politike of religieuze saken op it aljemint.

Aggie van der Meer har famyljehistoarje (fan heites kant) begjint by Sekkel Heiman, in Dútske Joad dy’t yn 1715 fan Westfalen nei Grinslân ta flechtet. Fan alle generaasjes en alderhande sydtakken binne der ferhalen en it hûs sels is út en troch de fierde gesprekspartner, wêrtroch ek de skiednis fan Boalsert fan foar de bou oan bod komt. Neist de persoanlike skiednis fan de famylje van der Klei – Aggie van der Meer har famkesnamme – komme alderhande histoaryske figueren, skriuwers, tinkers, politisi en maatskiplike barrens op it aljemint.

De emansipaasje fan de frou rint fan Anna Maria von Schurman nei it makliker praten oer gefoelens fan hjoeddeiske generaasjes of de posysje fan de moslimfrou. De Joaden dy’t eartiids oeral de skuld fan krigen, stiet neist in kranteberjocht oer jonge moslims dy’t yn Antwerpen in Joadske man fermoarden. Feroarings yn it miljeu fan de lêste desennia krije har wjerslach yn petearen mei Pieter Michiel oer fûgeltsjes. Der is de omke dy’t misjonaris yn Indië wie, it ferhaal fan de earste rit fan de trein fan Ljouwert nei Harns ta, der wurdt diskusjearre oer Spinoza. Der is de frijerij fan de trije haadpersoanen, mar ek it nijs op Omrop Fryslân. Pieter Michiel hat noch meimakke dat yn Ljouwert minsken ta de dea feroardiele waarden, mar ek Van Maasdijk en Sjoerd de Vries komme del.

Troch ferskillende generaasjes oan it wurd te litten, wit Van der Meer net allinne ûntwikkelingen sjen te litten, bygelyks yn it ferfier (fan de stoomtrein oant en mei de reis nei de moanne), mar ek histoaryske pararellen bleat te lizzen, bygelyks as it om de Joaden, de frou of it fenomeen oarloch giet.

Elke generaasje hat syn perioaden fan earmoed, syn persoanlike striid en – benammen – syn ‘eigen’ oarloch’: foar Pieter Michiel is dat de Tiendaagse Oorlog yn 1831, foar Augusta wie it de Earste Wrâldkriich en foar Aggie van der Meer de Twadde. De útroeging fan de Joaden yn de ferneatigingskampen nimme in wichtich plak yn Aggie har ferhaal yn. Mei Augusta en Pieter Michiel besiket se Appingedam, dêr’t in pylder stiet mei dêrop in lange rige nammen fan it Joadse neiteam fan har foarâlden Markus Sekkel en Anna Rachel: Van der Kleien. ‘Morits van der Klei,’ sei ik, ‘berne yn itselde jier as ik. Tolve wienen wy doe’t de oarloch begong. Wy wienen fan deselde famylje. Wy wisten net faninoar.’ Ek Dútslan, it berteplak fan Augusta wurdt besocht, ek mei Dútske famyljeleden wurdt oer de oarloch praat: Wat makke it swier? is de fraach en it antwurd seit: It swijen.

De skiednis ballet gear yn Aggie van der Meer, net allinne yn de ferhalen dy’t ferteld wurde en de belutsenens by de wrâld dy’t harres is, mar ek yn ‘genetyske’ sin. ‘En,’sei er (=Pieter Michiel), ‘wat ek moai is, dy kromme rêch hast fan my en dy komt fan ’e Joaden.’

As in reade tried troch it boek rinne de omswervingen fan it skilderij ‘It Nachtmiel’ dat de Joad Sekkel Heiman mei út Dútslân nimt. Ôfbyldingen fan religieuze tafrielen passe net yn de Joadske tradysje en yn foarige generaasjes waard it dan ek ferkocht oan de pastoar fan Boalsert. Letter krijt de famylje it werom en oan de ein fan it boek krijt dy erfgenamt fan Aggie van der Meer dy’t de foarnamme fan syn foarfearn draacht it skilderij yn hannen.

histoarysk ferantwurde as skaadkant

Út en troch is der de fertroude Aggie-styl, sa’t wy dy kenne út earder wurk: as Pieter Michiel syn mem, sûnder troud te wêzen, swier rekket is it: Nee net foar elkenien hie it feest west. Mar dy’t nocht hienen oan ûnnocht dy hienen moaie dagen. Oft it no om in ‘Te Gast’ giet of om in roman: Aggie van der Meer hat in hiele spesjale, wat spotske, manier om har dingen te sizzen wêrby’t sy gauris gebrûk makket fan besteande útdrukkings en bibelske taal. Ek is der yn de Oerfeart op ’e nij it boartlike elemint: Nei in lang ferhaal wol Pieter Michiel wol in slokje, as er te hearren krijt hoe’t der letter oer dingen tocht wurdt, reagearret er mei it aldendeiske ‘no je’ en as ien dy’t út it deadenryk oerkaam is jildt de wet fan de swiertekrêft foar him net, mar hipt er, as se der mei har trijen in slach troch de stêd meitsje, tegearre mei Augusta fleurich oer de dakken.

De famyljestambeam achter yn it boek en it literatuerlistke dat yn it foaropwurd stiet, sille, tegearre mei trochfertelde ferhalen en ûnderstellings oer wat foarige generaasjes meimakken en hoe’t sy, sjoen de skiednis, yn it libben stien moatten ha, de kapstokken west ha foar Van der Meer har mânske ûndernimmen. Ferline en takomst, it persoanlike ferhaal en de skiednis fan (benammen) Europa rinne troch elkoar hinne en komme by elkoar yn dy iene keamer yn it hûs Beth en dat is, suver op ynhâld besjoen, in nijsgjirrich gegeven: alles wurdt keppele oan alles.

Dit is myn iennige kritykpunt op it boek. Mei’t Aggie van der Meer ‘alles oan alles’ ferbynt, hat se har nei myn smaak tefolle holden oan in tefolle oan gegevens. Te faak folget it iene feit it oare, dêrmei wurdt it hjir en dêr wat te opneamerich. Oars as yn har eardere boeken is it de skriuwster diskear net alhiel slagge en bring it libben der yn.