Om it libben, Harmen Wind,

Wind makket it motto fan syn roman wier

7 july 2008

Besprek Om it libben, roman fan Harmen Wind, Utjouwerij Fryslân

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Us eigen ûnderfiningen besjen

as wienen se fan in oar – dat is heilsum.

Lykwols, de ûnderfiningen fan in oar beskôgje

as wienen se fan ússels – dat soe ús ûndergong wurde.

Harmen Wind jout syn roman Om it libben boppesteande útspraak fan Friedrich Nietzsche as motto mei. It is in pleit foar objektiviteit en in wârskôging foar tefolle belutsenens. Sa op it earste each is Wind syn fjirde roman in misdieferhaal. It ferhaal sels is yn ien of twa rigels gear te fetsjen en it lêst noflik troch want der is in fraach, nammentlik: “wa hat haadpersoan Maaike har heit fermoarde?”. Stapke foar stapke folgje wy Maaike yn har syktocht nei it antwurd op dy fraach. Dêrmei wit Wind de spanning der knap yn de hâlden.

Maaike skriuwt en har libbensûnderfiningen jout se stâl yn in ferheven skreaun keningsferhaal oer keninginne Jemky, kening Eboku en harren bern Tezys en Ikamea dy’t stean foar heit en mem Ymkje en Bauke, Sytse, Maaike har broer, en sysels, prinsesse Ikamea. It begjint mei in stjerbêdsêne dy’t de dea fan Maaike har mem wjerspegelet. Maaike har broer wennet om útens en komt net in soad thús, se wennet al in pear jier allinne mei har heit, de twa ha in ynlike bân. Nei syn dea wurdt dy bân net ferbrutsen, nee, dy wurdt earder sterker. ‘Elk slachtoffer hat in dieder noadich,’ seit Maaike har broer op in stuit, en dêrmei doelt er op Maaike dy’t as neibesteande tefolle it ferlet hat in dieder oan te wizen.

Hoe’t it allegear krekt yn syn wurken giet, dat sil ik besykje hjir net te ferrieden, mar it motto fan dit boek is yn dit stik essinsjeeel, it stiet der teminste net om ’e nocht: (…) de ûnderfiningen fan in oar beskôgje as wienen se fan ússels – dat soe ús ûndergong wurde en dat lêste is krekt wat de haadpersoan oerkomt en wêrmei’t Wind de lêzer yn ’e fûke lûkt.

Yn styl is Wind net allinne in poëtyske skriuwer, ek yn struktuer, opset en plot makket hy fan Om it libben folle mear as in sljochtweihinne, troch elkenien te lêzen, misdieferhaal. It is in yntelligint, literêr boek. It earste part fan Nietzsches sitaat, Us eigen ûnderfiningen besjen as wienen se fan in oar – dat is heilsum, is in ynstjonker. Om it libben is nammentlik skreaun yn de tredde persoan, de sy-foarm, dêrby krijt de lêzer net mear te witten as wat Maaike tinkt, seit, heart, sjocht, dreamt, skriuwt en witte kin. Troch it brûken fan it personale fertelsitewaasje, de ferhoalen ik-foarm, wurdt Maaike har ûnderfining dy fan de lêzer en as Maaike, yn de wurden fan har broer, dus it oanwizen fan in dieder noadich hat, dan sjocht de lêzer har ûnderstelling oer wa’t de moardner is, net as dy fan in oar – Maaike – mar as dy fan himsels. Op in stuit krijt de lêzer troch dat it in ûnbetrouber perspektyf is, al hie dat, nei myn idee, wat minder gau en wat minder eksplisyt kind. Pas op de lêste siden komt de alwittende ferteller om ’e hoeke setten en krijt de lêzer wat fan de binnenwrâld fan ien fan de oare persoanaazjes te sjen: ‘Sytze begrypt: ik moat gean.’

Sa’t elk wat fan syn gading by Nietzsche helje kin, sa kin ek elk syn eigen tinken op religy lizze. God en Leauwe spylje in wichtige rol yn Wind syn wurk en dat jildt ek foar Om it Libben. Nei de heit syn begraffenis sit Maaike mei har broer en har partner Jurjen oer de preek nei te praten. (s.107-110) De beide manlju moatte net in soad fan it leauwe ha, yn Jurjen syn fisy binne echte leauwigen in gefaar, ‘dweepsike, yndoktrinearre stumpers dy’t har eigen ferantwurdlkens oerdrage oan in hegere macht en dan ta alles by steat binne. (…) De leauwige is in tsjinner, hy ferliest syn… syn autonomy.’ As Sytse seit: ‘Dy leauwigen, dêr moatst bliksems mei útsjen. Fan hokker kant oftst it ek besjochst, se kinne by eintsjebelsút ferwize nei de “krêft fan boppen” dêr’t se hearrich oan binne,’ docht bliken dat Maaike har broer yn de heftich ferrinnende diskusje oan Jurjen syn kant stiet. Maaike dêrfoaroer stelt: ‘Neffens my is ien dy’t leaut no krekt immen dy’t de sin fan syn eigen libben troch hat. Immen dy’t syn ferantwurdlikens oandoart en net ropt: Wa bin ik no, wat hat myn bestean no om ’e hakken. In leauwige wit dat er, mei krêft fan boppen, ta in protte bysteat is, en hy wol him net fan syn ferantwurdlikens ôfmeitsje. Hy wol himsels wiermeitsje en dêrfoar oansprakelik wêze.’ En eefkes letter: ‘Immen sûnder leauwe rjochtet syn libben nei de feiten, dy past him oan, mar by in leauwige is it krekt oarsom, dy rjochtet de feiten nei syn libben, dy is kreatyf.’ Tsjinoer it negative swart-wyttinken fan Jurjen en Sytse nimt Maaike it meast ferstannige, it meast reëele en, ek foar dejingen dy’t neat mei God en Leauwe ha, it meast ynfielbere stânpunt yn. Letter docht bliken dat Harmen Wind ek yn dit stik fan saken de lêzer op masterlike wize ferrifelet.

In pear kritykpunten, of, better sein, -puntsjes.

Yn de kuiergongen hearst wolris wat oer kollegaskriuwers as persoan, troud, bern of oarswat, makkest in praatsje en soms libbest mei, ik lês ek graach in fraachpetear, mar ynformaasje oer Harmen Wind syn sykte wol ik leaver net op it boekomkaft lêze. De flaptekst is bedoeld om de lêzer te ynformearjen oer it boek, in ferkeappraatsje sis mar, it privee heart dêr nei myn idee net yn thús.

It twadde is dat Maaike út en troch de tinzen en de oantinkens hat fan ien fan sechtich yn plak fan dy fan in tweintiger. As sy oan Mexico tinkt komt har in liet fan de Zangeres zonder Naam yn it sin. As sy har foarstelt hoe’t de patoloch-anatoom har heit ûndersiket is it ‘dokter Zeldenrust himself’. It binne gjin flaters mar oannimlik is it net, Zeldenrust hold op doe’t Maaike it rinnen en it praten noch leare moast. Har toan past ek net altyd by har leeftyd en de taal dy’t sy yn it ferhaal dat se skriuwt brûkt, is betiden in Frysk dat út de tiid is:  ‘It sederhout is swiid bewurke.’ As famke song Maaike ferskes as ‘Rôlje, rôlje wetterweagen’ en ‘Dêr’t de dyk it lân omklammet’. Ik leau der neat fan. Boppedat spilet it boek yn 2005 en al binne de persoanaazjes mei auto, mail en mobyl by de tiid, tagelyk wurdt Fryslân foarsteld as in isolearre gebiet, in eilân of de terp dêr’t Maaike op wennet. Der wurdt net sàmar nei popmuzyk harke, it is Frysktalige popmuzyk en dûmny lêst (it prachtige) ‘Bitterswiet’ fan Tiny Mulder foar. It is my allegear krekt wat tè Frysk.

Wind is, tink ik, gjin farrensman want it wurd ‘kloet’ brûkt er ferkeard. In kloet is in farboom, mei in bytsje gelok sit der modder oan mar perfoarst gjin heak dêr’t in souderlûkje mei iepenmakke wurde kin. Sjoen de lingte – likernôch fjouwer meter – soe it trouwens ek in ûnhandich geheister wurde, foar syn doel kin Wind dus better in pikheak brûke.

Faker as kritykpuntsjes ha ik, as wienen net Maaike en har heit mar iksels skoaljoffer, yn it boek streekjes set by passaazjes dy’t spannend binne of moai skreaun. In foarbyld út Maaike har deiboek, it keningsdrama wêrfan’t de haadstikken troch it misdieferhaal hinne ferfrissele binne, skreaun nei de moard op de heit, ‘Eboku’s dea’:

‘“Wat dei is dit? In moandei? De dei dy’t de moanne in wike

nei peaske toant? Wêr dan? Ik sjoch dy himellampe net!”

Hoe soe se ljocht sjen Ikemea, no’t it ûnheil

syn swarte mantel oer har libben slacht. Hoe

soe se noch nei reden hearre kinne, no’t de krieën

raze. Hoe treast fiele, no’t har de smert troch it herte snijt.

It folk rout gûlend yn de strjitten om har kening. Hjir sit

syn dochter, skriemend om har heit. Hy, dy’t op reis

gong mei oant sjen, is ta farwol ferfearn.’

(s. 77)

In tweintichjierrige ienentweintichste-ieuwske Shakespeare? Ek bûten Maaike har ‘boppewrâld’ferhaal is, sûnder dat Wind it oerdriuwt, Om it libben moai fan taal.

Knap dien is hoe’t Maaike har ferealens op Jurjen earst stadichoan omslacht yn synisme, en dan…

O, nee, ik soe besykje en jou de plot net hielendal wei. Wa’t mear witte wol, sil dus nei de boekwinkel moatte.

Yn kader:

Nei in Frysktalige histoaryske roman, De izers fan de frijheid (1998), it autobiografyske Het verzet (2002) dat twa jier nei ferskining as It ferset ek yn it Frysk útbrocht waard en Meesterschap (2005) is Om it libben Harmen Wind syn fjirde roman.