Riek Landman, Fammen fan Gaasterlân

Boekewikegeskink: Fleis, bloed en bonken

Besprek Riek Landman, Fammen fan Gaasterlân, boekewikegeskink 2008

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Wa’t yn de boekewike (fan 23 febr.- 9 maart) in Frysk boek keapet, krijt der mei Fammen fan Gaasterlân fan Riek Landman in pear oerkes noflike ferdivedaasjelektuer op ta. De ûndertitel is: ‘Geheim gefaar bedriget Sigrid en Anke’. Al hat de skriuwster in hiele rige misdieromans oer dit duo op har namme, men hoecht it wurk net te kennen om it boekewikegeskink lêze te kinnen. Foar de leafhawwer fan it sjenre kin it al in oantrún wêze om Landman har eardere wurk ris te werlêzen of dêrmei yn de kunde te kommen.

Yn Fammen fan Gaasterlân sit Sigrid yn de proeftyd foar in nije baan. Foar har wurk moat se de begroeiïng fan it foarmalige bunkerkamp yn Sondel yn kaart bringe want in projektûntwikkelder sil der filla’s op sette. Yn de oarloch hat dêr der in Dútske radarpost (Eisbär) west; en boppedat hie Sondel eartiids syn fersetsljue, syn NSB-ers en syn flechtlingen. Sigrid ken it gebiet want yn de tiid dat it bunkerkamp in fakânsjeferbliuw wie, hat se der in skoftsje wurke. Dêrmei spylje der trije tiden trochinoar: de oarlochsjierren, de oantinkens fan Sigrid oan de wille yn it kamp en it no.

Gjin misdieferhaal sûnder lyk, yn dit gefal fynt Sigrid parten fan in skelet. Neffens de flaptekst giet it yn it boek om ‘frjemde saken dy’t úteinlik mei de Twadde Wrâldoarloch te krijen hawwe.’ Yn it ferhaal dûke twa manlju op dy’t de oarlochsjierren yn Sondel trochbrocht ha, mar de misdie dêr’t it yn Fammen fan Gaasterlân om giet, hat mei dy oarloch eins net in soad te krijen, dy hie likegoed yn in oar tiidrek plakfine kind. It kamp en har skiednis binne achtergrûn, couleur locale. Slim is soks net, it boekje lêst as in trein. Moatst in jûn hynder ek noch yn de bek sjen? Jawis wol.

Yn in boekje fan de Friese Pers Boekerij dat foarich jier útkaam, nammentlik Lange fiters en tichte skuon fan Ytsje Hettinga – wie op in stuit sprake fan in fyftich euromunt dêr’t dúdlik fyftich sinten bedoeld wienen. Sokke flaters binne spitigernôch ek yn Fammen fan Gaasterlân sitten bleaun, mar, oars as it wurdflaterke dat ik hjir oanhelje giet it om ynhâldlike missers:Alle kearen as Sigrid op it terrein fan it bunkerkamp omstrúnt, wurdt se troch in man achterfolge. Wat er tinkt en docht, dat is yn skeanprinte stikjes beskreaun. Dêryn wurdt suggerearre dat de moardner sechtich jier ferlyn syn slachtoffer smoard hat mei in eintsje izertrie dat er in libbenlang bewarre hat, mar oan de ein fan it ferhaal  dûkt ynienen in hiel oar moardwapen op. (s. 74 en 100) Frjemd. En op side 93 tinkt de moardner: ‘net ien hat him oait begrepen (…) hy sil se syn kant fan de saak sjen litte, dan sille se tajaan dat er in held is.’ Kletsika. Hoesa soe immen him oait begrepen ah as nimmen oait fan de moard witten hat? Der is ek hielendal gjin ‘oare’ kant fan de saak en, hoewol de moard op himsels in moai psychologysk minidrama foarmet, is der absolút gjin sprake fan ‘heldendom’. Wêrom ien dan soks tinke te litten?

It is net allinne hiel tafallich dat de moardner sechtich jier nei dato tagelyk mei Sigrid op it bunkerterrein omstrúnt, it is ek hielendal net needsaaklik: wa soe yn dit gefal sechtich jier nei in moard witte fan wa’t de bonken binne? Net logysk, mar yn in misdieroman akseptearrest soks noch wol, it is ynherint oan it sjenre. Wat lykwols net akseptabel is, binne yntern ûnlogyske saken. De moardner fan doe hat sjoen dat Sigrid it skelet ûntdusten hat en nimt him foar har om hals te bringen. No is dit op himsels al frjemd, want it giet hjir net om in sosjopaat, de eardere moard hie in emosjonele achtergrûn. Los dêrfan is it ek hielendal net logysk om Sigrid út te skeakeljen om te foaren te kommen dat oaren syn ‘geheim’ ûntdekke sille, want de moardner wít dat Sigrid net allinne is en dat oaren dus al op ’e hichte wêze sille fan Sigrid har fynst. Dan hat in twadde moard dus hielendal gjin doel mear.

Al is it ferhaal fan en oer de moardner nei myn idee dus net hielendal konsistint, foar al it oare is de komposysje yn oarder, de persoanaazjes binne  minsken fan fleis en bloed en de dialogen libben. Boppedat wit de skriuwster har gegevens goed te dosearjen. Yn dit goed hûndert(!) siden tellende geskink hâldt se de spanning der knap yn.