Sikke Doele It apparaat

OPMAAT NEI IT FERLINE

Resinsje fan Sikke Doele It apparaat

Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2003, 140 siden, E 15,00

Kwakkeldôf

‘Taalwarders op it Provinsjehûs kinne hiel wat opstekke fan dizze nije bondel, benammen oer it brûken fan it Frysk by de Nederlandse Spoorwegen,’ is de oanrekommandaasje op de achterflap fan It apparaat, nei De Gouden Teeman (ferhalen) en De messeslikker (românse) it lêste proazawurk fan Sikke Doele. De bondel bestiet út sân ferhalen, ien derfan is yn ’65 al publisearre, de oaren binne nij.

It docht bliken dat dizze riedseleftige rigel achter op it boekje – ik tocht eefkes, it is der ien fan Jaap Krol – slacht op de begjinsêne fan it earste ferhaal, Alle fisken frij. Heit en mem stean mei harren beide jonkjes by it loket fan de Spoorwegen om kaartsjes te keapjen. Der ûntstiet gehakketak tusken de heit en de lokettiste. De frou ferstiet de heit, dy’t stûf troch giet mei Frysk te praten, net, of better sein, se hâldt har kwakkeldôf:

‘It ûnthâld wurdt wat minder,’ ferûntskuldige er him.
‘In dit geval wel héél snel,’ sei de frou mei in amper waarnimber glimke.
‘Jo fersteane my dus dochs,’ batste de heit der wer yn.

De wrâld fan in jonkje yn de jierren fyftich en sechstich: Sikke Doele lit yn It apparaat sjen dat er in master is yn it delsetten fan deistige sênes: dialoochjes, de observaasjes en fantasijtsjes fan in bern, reaksjes fan de grutte minsken. Fan al dy lytse barrens, foar elkenien werkenber, wit Doele oannimlike ferhalen te meitsjen.

Alle fisken frij begjint net om ‘e nocht mei it hottefyljen oer de taal tusken de heit en de juffrou achter it loket fan it stasjon. De famylje, heit en mem mei twa jonkjes, sil nei pake en beppe yn Balk op jierdeibesite. Dêr rekket heit op ‘e tekst oer de Slach op it Saailân (Kneppelfreed) en fertelt oer de sprekkoaren: ‘Fryslân frij!’ As de beide jonges mei in stikmannich kammeraden besykje âlde fytsen mei de túnklauwer út ’e Luts te fiskjen, sjogge se in bak mei iesfiskjes fan in Balkster fiskerman yn it wetter lizzen. Se litte de fiskjes swimme:

 ‘No, mei syn allen hiel lûd itselde roppe,’ leit Rinse út (oangeande de sprekkoaren), ‘dat kinne wy ek wol dwaan. Alle fisken frij! Alle fisken frij! No allegearre.’

 Ek yn it twadde ferhaal Neam nammen spilet de Fryske taal in rol. As twa jonges in âlde frou de gek oanstekke wurde se troch de plysje oanholden:

 ‘Juist,’ sei de plysjeman, ‘dan blijven jullie hier voorlopig maar eens even staan. Tot ik een keurig Nederlands antwoord krijg. …’

De heit, Hania, aktyf by de Fryske Beweging, kin ditsoarte belevenissen fan syn jonges, skoan brûke foar syn taspraak op it Nijierskongres. De soan, Wessel, giet mei, net sasear fanwegen belutsenens, mar mear om’t er mient, dat Paula, in famke dêr’t er in ‘bytsje gek’ op is, der ek wêze sil. Yn syn rede sil de heit fertelle oer Wessel syn learaar, dy’t yn ‘e klasse de draak stekt mei it Frysk as dialekt en spraakgebrek. Der binne harkers dy’t ha wolle, dat Hania nammen neame sil, mar oaren fine him te fanatyk:

‘Guon lju witte net fan ophâlden. Dy soene je foar har eigen bestwil tsjinhâlde moatte.’

Doele beskriuwt de prinsipiële hâlding fan de bewegers mei humor en wit ien en oar knap te ferfrisseljen mei de betizing fan de jonge Wessel, dy’t oan de ein fan ‘e jûn Paula noch sjocht,  mei in fint mei Brilcream en in Studebaker.

Dat soest nochris opskriuwe moatte

It titelferhaal It apparaat giet oer in jonkje dat in korset drage moat fanwege syn ‘sloppe spieren’.

De oergong giet oer Wander, dy’t op it gymnasium sit. Dat syn heit nea de kâns hân hat, spilet net swak by yn it beslút him nei it gymnasium te stjoeren. Leargjirrich is Wander al, mar de jonge syn ynteresse jildt earder it Arabysk as it Gryksk en Latyn, en as er net oergiet doart er it de âlden dan ek net te fertellen.

Yn De gelearde neef wurde oantinkens oan neef Guus, dy’t twa jier by de ik-persoan wenne hat om’t syn âlden yn Indië wienen, ophelle en krije dy min aste mear plak as er, in pear moanne letter as syn mem, komt te ferstjerren.

Oars as in tal oare skriuwers, dy’t yn de Moanne, nei oanlieding fan it ferstjerren fan Sikke Doele en it ferskinen fan de fersebondel Longereilân, wiidweidich omtinken oan him joegen, ha ik de man persoanlik net kend. Dat Doele sels jierren oanien in korset droegen hat en syn fakânsjes op Skylge trochbrocht, is iets dat ik yn De Moanne lêzen ha. Beide eleminten komme yn it boek foar, mar it bliuwt fan myn kant net mear as in ferûnderstelling as ik sis, dat in tal fan de ferhalen dy’t er de lêste jierren skreaun hat en dy’t hjir bondele binne, autobiografysk binne. In soad minsken ha ditsoarte fan lytse aventoerkes meimakke, belevenissen wêrfanst seist: ‘Go, dat soest nochris opskriuwe moatte.’ Sikke Doele hat it dien en hy kin it. Foar alle dielnimmers oan skiuwkursussen soene dizze ferhalen ferplicht op de literatuerlist kinne: deistige en werkenbere barrens wit Doele om te smeien ta hechte en helder konstruearre ferhalen, noflik om te lêzen en fan te genietsjen.

Yn de hûd fan minsken mei in ‘flekje’

De werklikheid yn proaza is fansels nea de werklikheid sa’t dy is, it is krekt de keunst fan it fertellen, dy’t troch it lizzen fan ferbannen, troch styl en struktuer, in barren dát ekstra meijaan kin wêrtroch it mear wurdt as it akkefytsje dêr’t omke it juster ek noch oer hie. Doele behearsket it fak fan ferteller, derby hoecht it net sa te wêzen dat it allegear krektsa bard is as yn ’e werklikheid, miskien binne de ferhalen hielendal net autobiografysk, miskien binne de ferhalen net iens wier, mar de skriuwer soe it sa belibbe ha kinne.

Net sasear basearre op oantinkens as de earste fiif – , binne de beide lêste ferhalen: it resinte De Sky Devils en it yn ‘e jierren sechtich skreaune In frou mei in blau kofferke. Hjir krûpt de skriuwer yn de hûd fan persoanaazjes mei in ‘flekje’.

Yn De Sky Devils stapt de skriuwer yn ’e skuon fan in jonkje dat ‘net al te sekuer’ tinke kin. It jonkje kin de lange en de koart ij net fan inoar ûnderskiede. Mei Teun (dy’t Liwwadders praat) giet er nei de Sky Devils, artysten dy’t mei de motor by in stielen tried omheech de Avérotoer opride. It klapstik is fansels dat immen út it publyk mei omheech kin. It famke dêr’t er faak oan tinkt sil mei nei boppe. Har mem – it jonkje ken har as de kassajuffrou fan it badhûs mei de puntbeha – lit de dochter net allinne gean en giet ek mei op ‘e motor. De jonge sjocht it famke ferdwinen op in wolkje; de mem komt allinne werom. De mem siket har dochter en it jonkje wurdt lilk. Om’t omstanners amper op ‘e ferdwining fan it famke reagearje, fregest dy as lêzer ôf hoe’t it sit. Wie der wol in famke? Dit is skitterjend.

It ferhaal einiget lykwols mei in sêne, wêryn’t it jonkje op in wyt bêd leit. Dat makket it spitigernôch wer wat in ôfdijer. De haadpersoan tinkt miskien net al te sekuer, mar dat like earder om in leech IQ te gean. Hy is wurdt lykwols agressyf, begjint deryn te houwen en komt op in ‘wyt bêd’ telâne. It hie miskien better west en lit de slanerij en de sikehûsopname derút. Dan hie der wat te rieden oer bleaun, wyls no ‘dom’ en ‘gek’ troch inoar helle op in wize dy’t net hielendal doocht.

Opmaat

By fersebondels is it leste gedicht gauris de opmaat foar letter wurk, in bettere takomst, in positive draai. De Sky Devils as it lêste fan de nije ferhalen soe hjir jilde kinne as de opmaat nei wat komt. Dy takomst leit spitigernôch yn it ferline, de skriuwer is ferstoarn en as lêste ferhaal yn dizze bondel hat men in âlder ferhaal keazen: In frou mei in blau kofferke. Hjir is de ik-figuer in grut bern, klasse sosjaal-swakkeren, wat heal ûnnoazel. In typstra. In fantast. Mar is it ek in moardner? De haadpersoan wurdt yn elk gefal troch de plysje oppakt.

Dit yn 1965 yn De Tsjerne publisearre ferhaal en is wat my oangiet it meast nijsgjirrige yn It apparaat. Graach hie ik mear ferhalen as de lêste twa lêze wollen, ferhalen dy’t wat fierder fan de werkenbere werklikheid ôf stean. It is spitich dat der net mear fan sokken komme sille.