Sjieuwe Borger, Genesis Abbekatekantoar

Abbekaat mei in heech alkoholgehalte
1/3/08
Hjir besprutsen: Sjieuwe Borger, Genesis Abbekatekantoar, roman, 160 siden, ISBN 978-90-5998-047-1, Utjouwerij Venus

bewegersfrysk

Genesis Abbekatekantoar spilet yn de wrâld fan de advokatuer. Of moatst sizze ‘abbekatuer’? Foar’t ik op it boek yngean, wat oer de taal fan de skriuwer Sjieuwe Borger. Borger is jurist en bestjoerslid fan de Ried fan de Fryske beweging. As skriuwer hat er in foarkar foar wat ik dan mar ‘bewegersfrysk’ neam. It is in dilemma foar elke Fryske skriuwer: oan de iene kant is der de leafde foar de taal en binne der literatoaren dy’t troch, mear as ‘de man op ’e dyk’, yn dy taal te dûken, de oanstriid krije om wurden út it wurk fan Reinder Brolsma nij libben yn te blazen, oan de oare kant moatst útsjen dat de wurden dy’st brûkst net te fier fan de sprektaal ôf komme te lizzen. De fraach is dus: Skriuwst it Frysk sa ast it op de dyk hearst en miskien ek sels praatst of skriuwst geef Frysk en hoe geef moat dyn taal dan wêze? Achter of efter? Nochris of jitris? Tinkst dat der wat barre sil of ealgest it? Is de advokatuer ûndraachlik swier of is it ûnhjirmlik? Ytst út de magnetron of nimst in mikroweachmiel? Rydst yn in landrover of yn in lânkruser?

Yn Borger syn boek wurdt dus hiel wat ôf stoattele en fottele: ûnhjirmlik. Foar Nederlânske en Ingelske wurden wurde ferfryskingen socht, of miskien sels betocht. ‘Arrenby-band’? Ik moat it wurd trije kear lêze foar’t ik troch ha wat de skriuwer bedoelt. De klam komt nammentlik op ‘ar’ te lizzen, boppedat, as Borger konsekwint is, soe ‘band’ ‘bend’ wurde moatte.

It is dat ik sa’n ding net ha, mar oars soe er daliks slop wurde as, by in one-night-stand, de  partner foar ien nacht oansetten komt mei in ‘oerstrûpke’. Fan it laitsjen. Toch is der wat foar te sizzen om flyt te dwaan op de taal, want it moat ek net wer safier komme dat it wurk fan nije skriuwers fol sit mei Hollannismen en de rare oanwenst om tiidwurden om te draaien.

Genesis abbekatekantoar is Borger syn twadde boek, hy debutearre yn 2005 mei It ferrin fan tiid. It is in eigentiidsk ferhaal mei de ferkommersjalisearring fan de advokatuer as tema. De ik-figuer, Sybren, dy’t ek de haadpersoan fan syn debút is, hat syn nocht fan it lesjaan oan de universiteit. Yn de advokatuer tinkt er in nije útdaging te finen. De nije baas, Cornee, nimt him oan as fisitekaartsje: in wittenskipper yn tsjinst nimme dy’t ek oer it fak publisearret is goed foar de namme fan it kantoar. Fan Sybren wurdt ferwachte dat er opdrachten binnen hellet foar de bestjoerrjochterlike poat. Dy opdrachten moatte fan it bedriuwslibben komme en binne lukrativer as strafrjocht, dêr binne ek in soad opdrachten fan minfermogenden. It giet der dus om de ‘grutte fisk’ binnen te heljen en dy hellet men binnen, net troch te wurkjen, mar troch te netwurkjen. Al Sybren syn frije tiid giet yn dat netwurkjen sitten: besjoersfunksjes, buorrels en sels jeie. Gjin wûnder dat syn karjêreswitch swierrichheden opsmyt yn de relaasje mei syn freondinne. Tagelyk is it sa dat der gjin wurk is en sit Sybren op kantoar hiele dagen te pasjânsen. As gegeven soe soks hilarysk wêze kinne, mar Genesis abbekatekantoar hat net de humor fan Eric Hoekstra syn Kening fan ‘e junks. Wêr’t Hoekstra de gek oanstekt mei it saaklike tinken en it tema brûkt om fan syn persoanaazje in bedrager sûnder gewisse meitsje te kinnen, dêr is Borger earder de skriuwer dy’t in punt meitsje wol. Bloedserieus dus.

Troch de meiwurkers op kantoar wurde útspraken dien as, ik sitearje Cornee:

 ‘(…) Wy moatte myn beneaming ta deken ek sjen tsjin de eftergrûn fan ús omslach fan berop nei ûndernimming fansels. As kantoar mei deken hast oansjen en joust oan datst der tiid foar frij meitsje kinst. Dat lûkt, paradoksaal wer wurk oan. It dekanaat is tagelyk ek goed foar de omset. (…)’

Yn de sênes op kantoar sit in soad fan soksoart praat, ynbegrepen ferhannelingen oer it rjocht. Dat ferfeelt wolris, want de skriuwer lit meardere personaazjes itselde sizze, yn tal fan fariaasjes op itselde tema, en op in stuit wit ik it dan wol. Bûten, mar ek op, kantoar is der it relaasjegedoch. Al dy dialoochjes wurde trouwens oergetten mei sleatten kofje en net te ferjitten knap wat alkoholika: kastielbier, chablis, rum, wisky en wyn fansels. Tocht ik alles al preaun te hawwen, blykt der ek noch ien en oar broud wurde te kinnen fan krikel- flear- en toarnbeien. Wa’t Borger lêst krijt de oanstriid om daliks nei de sliter ta.

gewisse

Sybren giet hielendal mei yn it tinken fan syn kollega’s, hy wurdt, om samar te sizzen ien fan har. Teminste, yn it begjin, letter feroaret syn hâlding. De rol fan it gewisse yn it boek wurdt fertolkt troch de figuer Eric:

‘Is de advokatuer net ynsteld om rjochtshelp te ferlienen oan harren dy’t dat brek binne? Langer is der in groep abbekaten dy’t net mear wit hoe’t in rjochtsseal der fan binnen út sjocht, omdat se harren allinne noch ynlitte mei it sluten fan megadeals sûnder risiko’s te rinnen en se binne yn it foar al wis fan de winst. It is allegear yn wanferhâlding mei de bedoeling fan de abbekatewet en in earlike en tagonklike rjochtshelpferliening.’

Der sitte in soad flaterkes yn dit boek, benammen yn de ynterpunksje en gauris misse lytse wurdsjes as ‘ik’ en ‘it’. Los dêrfan ha ik wat in dûbeld gefoel oer dit boek. Wat it gedonder mei froulju oanbelanget, dêryn is is dit boek net oars as in soad oare boeken of de werklikheid om my hinne. Hy hat gjin tiid foar har, sy giet fuort, wat slipperkes hjir en dêr, en as der swierrichheden binne docht men wer in berop op elkoar. Oan de iene kant jout it wat libben yn de brouwerij, oan de oare: der binne al genôch skriuwers dy’t oer de leafde skriuwe, dêr kin Borger net safolle oan tafoegje. Relaasjegedoch: Ik wit it allegear al, mar wat dit boek àl ekstra kaliber jout is dat it in maatskippijkritysk elemint yn him hat.

It bysûndere sit him nammentlik yn de tematyk sa’t dy koart en bondich ferwurde is yn de útspraak fan Eric dy’t ik hjirboppe oanhelje. Marrrrrrrr…. It sitaat hie ek út in fraachpetear yn de krante komme kind. Of út in tillevyzjedebat. Of út in SP-partijblêdsje. Yn de roman wurdt in hiele soad oer it sosjale gesicht tsjinoer it ûndernimmingsaspekt fan de advokatuer sein. As persoan stiet, sa docht bliken út in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer yn it Frysk Deiblêd, Sjieuwe Borger oan de sosjale kant:

‘De tariven foar partikuliere klanten binne gewoan fierstente heech wurden. Dêrtroch bliuwe de minsken fuort. Ferleegje dy tariven, dan komme se wol werom.’

It stiet, yn oare wurden, ek yn it boek.

Al is Borger net in byldryk skriuwer, humor hat er likemin, de struktuer fan it boek is goed en hy kin ek wol formulearje. Hjir en dêr fyn ik Genesis Abbekatekantoar wat droech en dat jildt seker foar de earste hûndert siden. De makke is miskien wol dat Sjieuwe Borger tefolle fan syn ûnderwerp wit en syn belutsenens kwyt wol yn in boadskip, mar dêrby ferjit er it boartsjen. Yn it útwurkjen fan de kontroverse sosjaal-kommersjeel bliuwt it in spultsje fan abbekaten ûnder elkoar. Ik ealgje(!) dat dit mei opsetsin sa dien is. Wat my oanbelanget soe it moai wêze as de skriuwer yn syn tredde boek it gedonder mei froulju wat links lizze lit en syn curriculum brûkt om wat mear fan de wrâld fan de advokatuer sjen te litten. As it adagium foar skriuwers show don’t tell is, dan bliuwt Borger, nettsjinsteande mieningen oer de advokatuer yn dialoochfoarm op it aljemint brocht wurde, toch wat in spultsje fan fertelle. It is in noedlike saak om, achterôf, tsjin in skriuwer te sizzen, dat er in oar boek skriuwe kind hie, mar, leaver as de gong fan saken op in hjoeddeisk abbekatekantoar en Borger syn miening dêroer te bewuoljen yn petearen tusken de meiwurkers fan Genesis, hie ik sjoen dat Sjieuwe Borger dit oan de hân fan de relaasjes mei kliïnten dien hie. Wat ik mis, is in saak. Mar, wa wit, miskien leit dêr no de útdaging!