Ûntdekking fan de wrâld, Aggie van der Meer

Twa masterwurken foar ien priis…

desimber ’04
Ûntdekking fan de wrâld
, ferhaleroman, Aggie van der Meer ISBN 90 73554 98 5

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Kin ik hjir de hiele ynhâld sitearje? Alles wat oer it nijste boek fan Aggie van der Meer, Ûntdekking fan ‘e wrâld, te sizzen is, wurdt úttreksel, iensidige ynfalshoeke wyls meardere perspektiven om dit wurk te hifkjen mooglik binne en dêrmei is in besprek per definysje surrogaat. De titel jout suver al oan dat it boek amper te besprekken is: Der is ommers sa’n soad te ûntdekken yn de wrâld: har skiednis, keunst en filosofy, de skepping, politike machtsferhâldingen, it (roomske) leauwen, de leafde, de posysje fan de frou op himsels en dy tsjinoer de man, bern en beppesizzers… Al dy ûnderwerpen wurde mei inoar ferfrissele yn it plak fan hanneling: Boalsert, en yn it tinken fan de ik-figuer dy’t it wrâldbarren op in hiel eigen, byldzjende en betiden metafoaryske wize fêst assosjearret oan har eigen ûnderfinings.
Van der Meer har debút – Lytse roman fan Jon Fels (2002) – hie pedofily as ien fan de temas. Sels hie ik de roman yn in resinsje yn Kistwurk beskreaun as ‘in persoanlik, werkenber en goed nei te kommen ferhaal’. Oars as har earstling sil dizze roman yn ferhalen foar in soad lêzers net sa direkt nei te kommen wêze. It boek is yn trije skiften opdield, mar falt nei styl útinoar yn twa helten dy’t net rjocht by inoar passe.

Yn it earste diel fan Ûntdekking fan de wrâld wurde de ‘Bernejierren’ behannele, it twadde, ‘Net langer bern’ spilet him ôf yn de oarlochsjierren – de haadfiguer moat in jier as trettjin wêze as de oarloch begjint – en it langste en lêste part, ‘De Wrâld: in boek mei slanters’, giet – gronologysk sjoen – oer de jierren dêrnei.
It boek bestiet út losse stikken, soms ferhalen, gauris fragminten, suver proazagedichten (benammen yn it tredde skift), skreaun yn de typyske, betiden suver surrealistyske en amper nei te folgjen Aggie-styl, sa’t dy ek yn har poëzije werom te finen is, ûnder oaren yn de dichtbondel De stêd, it bist, de ingel (2000). It is in styl en wurkwize wêrby’t de logysk kausale ferbannen trochbrutsen wurde en dy’t wat tinken docht oan de grille, fantastyske en assosjative skriuwwize fan Willem Brakman yn de roman De gifmenger (2003).
Dat Van der Meer har wurk lestich yn ien sjenre ûnder te bringen is, jout de ûndertitel fan dizze fersebondel oan: it giet net om ‘gedichten’, mar om in ‘balladeske’. In soartgelikense ûngrypberens jildt ek foar Ûntdekking fan ‘e wrâld wêryn’t de ferskillende haadstikken earder de diggels binne fan ienris folsleine ferhalen wylst it boek dêrfoaroer net werklik in roman neamd wurde kin yn de klassike sin fan it wurd. Sa set Aggie van der Meer mei har kar foar it begryp ‘ferhaleroman’ de lêzer fuortdaalks op de ferkearde foet.

fûnemint
De haadpersoan is in ûndogensk famke mei in soad fantasije. Mei har freontsje, Tsjep, belibbet se har berne-aventoeren. Se boartet indiaantsje, fleant mei Zeppelins nei Abessinië, sneupt yn tsjerke om, om te sjen oft der dieven of spoeken binne. Yn ’33 komt de omslach: ‘yn Dútslân is Hitler de baas wurden.’ It wrâldbarren, it leauwe en tinken oer politike machtsferhâldingen spylje net swak by yn de wize wêrop’t de skriuwster harsels werom krûpe lit yn it – letterlik en figuerlik – fantastyske tinken fan it bern oer tsjerke, plysjes, kosters en parkwachters of it tema oarloch en frede. Dat docht se prachtich:
‘As der oarloch komt moatte de jonges fjochtsje. (…) Tsjep soe it net dwaan. Tocht er. Allinne as it echt nedich wie. Wannear is it dan nedich. As se dy oars deameitsje of dyn lân ôfpakke. En op skoalle. Dêr moatte je fjochtsje, sei Tsjep, oft je wolle of net.’ (s. 20)

Yn ‘bernejierren’ wurdt in wrâld ûntdutsen dy’t it fûnemint foar it lettere eigensinnige en maatskippijkrityske tinken leit, sa’t dat letteroan yn it tredde part fan de ferhaleroman op bjusterbaarlike wize beskreaun wurdt. Jinsels oan te passen, laket it famke net oan mar se wit ‘(..) ik doch it ek net, mar it moat eins al.’ It fûnemint dat mei lein waard troch de âlden, sa docht bliken as it famke wekker wurdt út in dream en wit dat: ‘ ús heit en mem en juf har ek net oanpasten.’ (s.25)

Prachtich is it, yn styl wat skôgjende, poëtysk skreaune earste ferhaal ‘De wrâld at mear as ien gesicht’ fan it twadde diel ‘Net langer bern’.’De fragen wurde oare fragen. It tinken is in oar tinken.’ Yn dreambylden wurdt de oarloch foarsein: ‘It duorre net lang of ik seach de grize manlju-fan-komsa ien foar ien troch de strjitte gean. Like griis as de pakken, wie de opdroege modder op ‘e gesichten. Se wienen wurch en âld en lykas earder liezen se út lytse boekjes. Allinnich de lippen beweegden.(…)’

Radio Oranje, in ûnderdûker, de klokken dy’t út de toer stellen wurde… Op it konkrete nivo bart der net in soad yn Boalsert en omkriten, de ynfloed fan de oarloch leit foar de opgroeiend jongfaam folle mear op it psychyske flak: ‘dyn kiel siet ticht en dat soe fiif jier sa bliuwe (…).’ Dêrfoaroer slacht it tinken oer fraachstikken fan oarloch en frede foargoed in moreel-etysk anker:
‘(…) mar wat ik wol wist, wie, dat gjinien oare minsken yn ‘e oarloch stjoere mei as se dat sels net wolle. En neffens my moatte se it noait wolle. Ik wist ek dat ik der noait oars oer tinke soe.’

brek
Oan ‘e ein fan it twadde skift, as de oarloch hast foarby is, nimt de ik-figuer ôfskied fan it fantasijfreontsje Tsjep. Tsjep is it jonkje fan ‘Tsjep tocht dat ús mem gelyk hie’, ‘Tsjep sei dat dat wier wie en dat wy der dêrom net mear oer hoegden te praten’ en ast dingen net snapst mient er dat soks wol moai is, want ‘dan hoechst der yn alle gefallen net mear oer te tinken.’ It famke is net langer bern, mar in jonge frou. Tsjep syn plak wurdt by de petearen yn it tredde part, ‘De wrâld: in boek mei slanters’ ynnaam troch Kiif, de personifikaasje fan de twifel, dejinge dy’t fragen stelt:
(…) wêrom hast neat sein doe’t se dy moffehoer kaal skearden? Wêrom wol de froulju oan de skandpeal en meie de manlju achter de skermen ôfrekkenje?’

‘Bernejierren’ en ‘Net langer bern’ lêze as in trein, tegearre foarmje se in masterwurk omreden fan de mylde humor, de betiden poëtyske styl en de wize wêrop’t de skriuwster weromkrûpt yn ‘e ûnderfinings fan it bern. It binne prachtige ferhalen, werkenber en goed nei te kommen en dêrmei nei wêzen te fergelykjen mei har debútroman. Tusken de earste twa skiften oan ‘e iene – en it tredde, ‘De wrâld: in boek mei slanters’ oan de oare kant sit lykwols in frjemde brek. Dat sit him yn de tagonklikens. Oars as by de earste twa parten, moat de kop der by want de betiden skôgjende, surrealistyske en allegoaryske wize fan skriuwen ferget hjir folle mear konsintraasje fan de lêzer. Boppedat moat dy goed op ‘e hichte wêze fan (û.m.) skiednis, keunst en wittenskip om guon fragminten pleatse te kinnen en dêrmei de ferhalen op har wearde skatte te kinnen.

De haadpersoan lit harsels sjen, mar wa’t witte wol Aggie van der Meer no al of net mei har man opsjitte kin en oft se konflikten hie binnen de organisaasjes dêr’t se yn siet en wa’t dêr de skuld fan is, komt der bekaaid ôf. Soksoarte iendimensjonale en op de werklikheid basearre rabberijtsjes krijt de lêzer net te hearren. Dêrfoar is it libbensferhaal fan dizze striidbere frou yn de styl te metafoarysk ferwurde en ferwurke. Mei it ferwizen nei, ûnder mear, de filosofen Nietzsche en Plato, de skilder Hieronymus Bosch, skriuwers as Gysbert Japicx en Meir Shalev of wittenskippers as Linneaus, wurdt it eigen ferhaal op in heger plan tild. Soks ferget in aktive lêshâlding. Ut en troch moatte der nammen of histoaryske gegevens opsocht wurde. Jabotinski? Gemma Galgani? Leo Vroman? Ik kom respektivelik telâne by it revisjonisme binnen de zionistyske beweging, in hillige dy’t it lijen fan oaren op har nimt, de fersen fan dichter-biolooch Leo Vroman.

te fiter
Ien fan de skitterjende, humoristyske stealtsjes dy’t sjen litte hoe’t de algemiene skiednis mei har eigen persoanlike ferhaal ferweefd wurdt, is te finen yn in wiidweidich petear mei Gysbert Japicx (side 88 e.f.):
‘Ha se jo wolris sein dat jo josels yn jo gedichten wat te min sjen litte?’
‘Nee, moat dat dan?’
‘Tsjintwurdich al.’

Sa nimt de skriuwster de kritisy dy’t har poëzije keunstmjittich neamden en har ferwiten dat de lêzer nearne in persoanlik selsbyld en selshâlding treft moai fijntjes te fiter. Sykje nei persoanlikheid, emoasje, psychologyske ûntwikkeling fan de ik-figuer, docht de kwaliteit fan it wurk fan Aggie van der Meer in geweldigen ûnderstek. Wichtiger as de psychology fan de haadpersoan is dat it eigen libben yn it ramt fan it gruttere gehiel set wurdt. By Van der Meer jilde de wenstige wetten fan de psychologyske roman dan ek net. Yn har wurk giet it folle mear om de kar dy’t makke wurdt, de krityske hâlding oangeande de posysje dy’t minsken ynnimme en de machtsferhâldings dy’t dêrmei anneks binne. Har eigen plak binnen ‘it systeem’ wurdt troch de skriuwster earder op in ûntregeljende, heal om heal surrealistyske en allegoaryske wize beskreaun as op in psychologyske. In moai foarbyld fan dizze oanpak is bygelyks it haadstik ‘It oerbosk’. De earste rigels sizze:
It is net mear nedich om in tocht dêrhinne langer foar my út te stellen, om earst te goede skuon te keapjen en in knappe jas. It is net mear nedich om earst te delibarearjen oer al of gjin klapbus yn ‘e rêchsek en in maat te sykjen, dy’t de liuwen tasprekt en makke dwergen yn ‘e bûse stekt.
It hoecht net mear. It bosk is om my hinne woeksen, ik sit der middenyn en ferjit om ‘Help’ te roppen.
( s. 113)

Yn it oerbosk binne fûgels dy’t in each foar in each, in wurd foar in wurd easkje, dy’t wurden mei stimpels en printen fan in ieu of wat ha en dy’t miene dat leauwe oannimme is en dat it altyd sa west hat. ‘It oerbosk’ is in allegoaryske fertelling oer de frijheid fan mieningsútering.

Poëtysk is it stik ‘Berjochten út de wrâld’. De lêste haadstikken, ‘De dea’ en ‘Famylje’ binne in betochtsum weromsjen. Yn ‘Wat noch komme sil De spegel keatst werom’ ferwiist in rigel as ‘Under it fel fan dyn hannen kundigje de bonken har as oerlibbers oan,’ nei de takomst, it momint dat iennachtsiis de ik-figuer ferdrage kin. Sil de wrâld sûnder har fierder kinne? De boargeroarloch fan Enzensberger ‘hâlde we noch wol in hoart achter buordpapier’, mar optimistysk oer de takomst en de ynfloed fan it yndividu dêrop is se net. It boek einiget dan ek mei it sizzen:
‘it útsetten fan in nije wrâld is spannender as guozzebrievje, mar dat is wol it iennige datst winne kinst.’

It gehiel fan dizze ferhaleroman leit yn it gegeven dat it oer ien libben giet, begjinnend mei de bernetiid en útrinnend op in bespegeling oer de ein. De berne- en jongfammejierren binne gâns oars beskreaun as de lettere jierren. Dat is net slim, mar it gefolch is – mei in begryp út de marketing – dat it boek twa ferskillende ‘doelgroepen’ hat. De earste twa skiften tige geskikt foar wa’t ûntspannen genietsje wol, foar it tredde moat de lêzer lykwols muoite dwaan. Dit part wurdearje, ferget net allinne kennis en ynsjoch, mar easket ek dat men ferwachtings oangeande koppen en sturten, oftewol in dúdlik ferhaal mei in plot, loslitte moat. Elk haadstik yn dit lêste skift, ‘De wrâld: in boek mei slanters’, is lykwols in fyn beslipe juwieltsje dat ik mei ferwûndering en bewûndering lêzen ha. Byinoar foarmje se in twadde masterwurk. Aggie van der Meer levert twa foar ien priis.