Willem Schoorstra, De ôfrekken

geenstijl.nl wrot him yn de Fryske roman

juny 2007
Willem Schoorstra, De ôfrekken
192 siden, ISBN: 978 90 330 06302, Friese Pers Boekerij

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

‘Willem Schoorstra giet yn syn romans de kontroverse net út ’e wei,’ seit de as promoasje bedoelde flaptekst fan De ôfrekken, nei Swarte ingels (2004) Schoorstra syn twadde roman. As yn it foar al roppen wurdt dat it boek opskuor jaan sil, is it dan noch mooglik om werklik te sjokkearjen? Ik fertink de skriuwer der al fan op in skokeffekt út te wêzen: Wa’t him wolris foarlêzen heard hat, wit dat Schoorstra by foarkar pornografysk tinte sênes útkiest. As de haadpersoan fan De ôfrekken, Ake, him op de twadde side al ‘mei in pear lange, hite halen’ ôflûkt, bin ik dan ek bang foar in werhelling fan de glêde seks yn Swarte ingels. Dêrfan is lykwols gjin sprake, want al ha ik seker wol krityk, it is in genot om ‘De nije Schoorstra’ te lêzen.

kontroversjeel?

Yn Swarte ingels waard by in broeierige sfear de ynsestueuze leafde tusken broer en sus delset. Yn Schoorstra syn romandebút wie it Fardou, it suske, dy’t har broer oansette ta alles wat gjin foech jout. “En niks gjin ‘onbeholpen seksueel gedrag’. Topsport!” spotte Sjoerd Bottema yn De Moanne. De resinsint lei in relaasje mei de pornofilm wêryn’t it allinne om de bûtenkant draait. “In wûnderlike mingeling fan rau realisme en romantyske kitsch. Unecht. Stilearre.” Soartgelikense krityk utere Joke Corperaal: “klisjeemjittige sekssênes, dy’t somtiden wol streekrjocht fan Canal-plus oernaam lykje te wêzen (…)” (Hjir, 2004) Yn syn earste roman sit it saneamde ‘kontroversjele’ fan Schoorstra lykwols net yn de seks, mar yn it gegeven dat it om in broer-naait-suster-ferhaal giet.

Juny 2007, trije jier letter, hinget de ‘jonge’ skriuwer (1959), klaaid yn spikerbroek en learen jek, libbensgrut te pronk op in mânsk doek oan de gevel fan in bekende boekwinkel op it Saailân: de nije Schoorstra is der. Foar wa’t net sasear niget hat oan learen jekjes, mar mear oan Fryske literatuer, hjir, yn it koart, de ynhâld:

Ake, universitêr dosint skiednis mei belangstelling foar maatskiplike en politike ûntwikkelingen, komt fan it Fryske Fiskersdoarp en wennet yn Brussel dêr’t er him yn de homoscene bejout. De âlden ha syn oars-wêzen noait akseptearre, dat Ake komt net earder nei it âldershûs werom as wannear’t de mem te ferstjerren komt. De titel fan de roman ferwiist dernei dat, yn syn bertehûs, alle konkrete spoaren fan Ake syn jeugd útwiske binne. Nei de begraffenis krijt Ake, foar it earst yn syn libben, fia in briefwikseling, in better kontakt mei de heit. Wat de heit him yn de brieven allegear fertelt ropt lykwols alderhande fragen op, reden wêrom’t Ake op in stuit nei Fiskersdoarp ôfreizget om de heit op antwurden te fergjen. Dy hâlde (fansels) in ferrassing yn.

De pisbakkeseks yn it earste haadstik wurdt seker rou beskreaun, mar as gehiel giet Schoorstra diskear – mei tank oan Bottema en Corperaal? – wat subtiler mei it seksuele aspekt om as yn Swarte ingels.

It ferhaal spilet him ôf tsjin – neffens de flaptekst – ‘de achtergrûn fan beskate polityk-religieuze ûntjouwings’. Bedoeld wurdt fansels de opkomst fan de Islam, mei navenant de eangst foar in islamisering fan de westerske maatskippij en it ferbale geweld tsjin wat de ‘linkse tsjerke’ neamd wurdt. Sjoen it sukses fan sites as geenstijl.nl, it tal foarkarstimmen dat Rita Verdonk by de lêste ferkiezings krige en de opkomst fan de PVV fan Wilders of, earder, it sukses fan Pim Fortuyn, kin it tinken fan Ake – en dêrmei De ôfrekken –  amper noch kontroversjeel neamd wurde. Wienen sokke mieningen yn 1989 –  it jier dêr’t it ferhaal him yn ôfspilet –  dat miskien al, yn it ferskiningsjier fan de roman is sok gedachteguod ûnderwilens wiid ferspraat.

Ik ha gjin idee oft Schoorstra gebrûk makke hat fan de firtuele dwinger geenstijl.nl om ynspiraasje op te dwaan, mar Ake syn mieningen komme aardich oerien mei de tinkbylden en opfettings dy’t alle dagen op ien fan de bêst besochte nijssites fan it lân delkwattele wurde. Schoorstra kontroversjeel? Wolnee, yn fergeliking mei de yntelligint spottende manier wêrop’t de stijlleaze Pritt Stift, Fleischbaum en De Chileen mei it nijs omgean, is Schoorstra syn wichtichste personaazje hast in watje. En dat jildt noch folle sterker ast Ake syn útspraken neist dy fan de saneamde ‘reaguurders’ leist.

Troch De ôfrekken yn 1989 spylje te litten, it jier dat ayatollah Khomeini syn fatwa oer Salman Rushdie útspruts, wurdt de haadpersoan ien fan de earsten dy’t it gefaar fan de opkomst fan de Islam sjocht, noch jierren foar de opkomst fan Fortuyn, fier foardat it ynternet syn hege flecht naam, en dus ek fier foar de tiid dat geenstijl.nl alle dagen 75.000 besikers lûke soe.

Om’t Ake yn Brussel sit en de heit yn Fiskersdoarp, mar de lêzer al de nedige ynformaasje oer de heit krije moat, lit de skriuwer de heit brieven stjoere. It is wat in needgreep dy’t hiel maklik it libben út in boek helje kin. Yn in petear mei Rôt, ien fan Ake syn húsgenoaten, wurdt, hiel subtyl, de ferklearring foar it wêrom fan dizze briefwikseling jûn. (s. 44)  Eigen oan de brieffoarm is dat it wat ferfeelsum wurde kin, de brieveskriuwer fertelt óér syn ûnderfinings, mar krûpt der net ýn.

Yn dizzen falt it ta: de heit syn epistels blike hielendal net saai. De man ûntjout him op in stuit sels ta in bejeftige skriuwer. Skriuwt er syn libbensferhaal yn de earste brieven yn de doetiid, letter bringt er de dialoochfoarm yn syn korrespondinsje:

‘Ik fernim dat ik der aardichheid oan ha, Ake, om minsken pratend oer it fuotljocht te bringen; fiel my dêrtroch krekt in skriuwer. (…) Troch de lju dy’t ik kend ha in stim te jaan, rop ik se op ’e nij ta libben, wurde se echt realistys.’ (s. 139)

Om reden fan de lêsberens hie Schoorstra om my de âldman folle earder ‘krekt in skriuwer’ makke, mar hielendal oannimlik is it net foar ien dy’t yn syn wurksume libben slykwurker wie.

it fallyt fan links

Schoorstra hat de eagen goed iepen: De ôfrekken is in aktueel boek wurden. Ake syn politike stânpunten yn 1989 binne sûnt 2001, nei de oanslaggen op it wtc, frij algemien: ‘It mislearjen fan de yntegraasje is it fallyt fan links, tinkt er en net foar it earst (…) en dy werklikheid is in Arabier, in moslim foar it neist, dy’t it begryp yntegraasje net ken, taal en gewoanten heechmoedich fansiden skoot, griist fan ûnreine froulju dy’t him sûnder euvelmoed oansprekke.’ De Islam is dan ek in ‘kankerswolm yn it dochs al oantaaste lichem fan ’e Westerske maatskippij’. (s. 19, 20) Tsja… Mar it is allegear wat ropperich… Foar in professor…

As Ake syn Turkse homo-freontsje Ylmaz syn betinkings by it totalitêre karakter fan de Islam blike lit, neamt dy him in ‘ûnreine hûn’ en ferkrêftet er Ake. It delsetten fan dizze moslim as in ferkrêftsjende húchelder is it iennige ‘kontroversjele’ elemint yn it boek, mar it is te fierstente dik oanset, seker om’t De ôfrekken foar al it oare ‘allinne mar’ aktueel is: Ake hat syn geenstijl-achtige mieningen en oardielen oer de hjoeddeiske maatskippij, uteret dy yn diskusjes mei syn húsgenoaten, mar se krije gjin konsekwinsjes, it bliuwt achtergrûn, op syn bêst de couleur locale fan in tiidrek. De haadpersoan is en bliuwt de ‘professor’, nearne wurdt er de aksjefierder, de belutsen politikus of bygelyks de krityske kollumnist. As er al skriuwt is it net oer polityk en/of religy, nee, dan skriuwt er oer lânoanwinning…

Ek oarsom, fan de kant fan de islamiten sis mar, wurdt it net kontroversjeel: de moslim sels komt der amper yn foar. Wat Schoorstra hiel sekuer werjout is it tinken yn it tiidrek dêr’t wy yn libje: yn Ake syn preken tsjin de ‘linkse tsjerke’ draait it om betinkings tsjin, twifel oan en eangst foar de opkomst fan de Islam as in totalitêre godstsjinst. Lykwols, it is net sterk dat der allinne mar óér de Islam praat wurdt as der, útsein dy iene, knap swart-wite, sêne mei Ylmaz, gjin kontakt is méí allochtoanen en der gjin tafrielen binne dêr’t it moslimgefaar út bliken docht. Hie dat al it gefal west, dan hie Schoorstra pas écht delset wurde kind as in skriuwer dy’t de kontroverze net út ’e wei giet…

In manko is dat Schoorstra tefolle wol, mooglik dêrtroch is de wize wêrop’t er syn tema’s, motiven, barrens en personaazjes oan elkoar knopet net altiten like oannimlik. Sa ha twa wichtige saken – de briefwiksel mei de heit en Ake syn miening oer de Islam – ferteltechnysk sjoen, in ferklearring noadich. Dus wurdt der in opdracht fan Rykswettersteat om in jubileumboek oer de lânoanwinning yn it noarden fan Fryslân te skriuwen bysleept om de brieven te yntrodusearjen. Ek hat Ake syn stúdzjefakken sa keazen dat dy him ta saakkundige, nee, in profeet suver, meitsje op it mêd fan de islamisearring fan Europa. Mar hoe komt er dan oan in opdracht fan Rykswettersteat? En in personaazje as Kamiel, dêr’t Ake in relaasje mei hat, lost op yn it neat, wylst it net echt logysk is dat de húsgenoaten Dylan en Rôt mei gean nei Fiskersdoarp en dêr mei iepen earms ûntfongen wurde. Tefolle fan it goede bygelyks is ek dat it jubileumboek net genôch is, der moat ek noch wat dien wurde mei de egodukuminten om oer de posysje fan de arbeider publisearje te kinnen. En dan spilet de professor yn syn frije tiid ek nochris foar hoer en wurdt suggerearre dat er aids ha kinne soe.

Nettsjinsteande ferteltechnyske tekoarten en in tefolle oan ûnderwerpen hat Schoorstra wis wol in flot lêsbere roman skreaun. De skriuwer hat in libbene styl, brûkt moaie bylden en wit, troch syn boartsjen mei de taal, de types treflik del te setten en emoasjes ynfielber wer te jaan. In lytse, willekeurige, greep:

“As er hast ûnder is, heart er mem. Se praat lûd. Dat lûkt de lêste raffels sliep út syn waarme lichem.” (s. 110)

Of de studintikoaze oansteller Dylan, as er mei Ake yn Fiskersdoarp is: “‘Dit is echt ferdomde geweldich. It taast my yn it moed om hjir te stean. Men fielt de hertslach fan it libben, kalm en balstjurrich en fitaal, as in oerâlde tromme dy’t men foar it earst hearre kin.’” (s. 169)

Of de noartske Rôt oer Dylan dy’t mei in famke nei syn keamer giet: “‘Literatuerkritysk ûndersyk!’ snúfket Rôt. ‘alle manlju ha mar ien ding yn ’e kop. Dat sa’n fanke har troch dy grouwe opblaasde podde ynpakke lit, dêr kin ik net by.’” (s. 44)

Mei de blik fan in bûtensteander, ien dy’t gjin Fries is, wurdt beskreaun hoe’t Ake en syn húsgenoaten yn it Oranjehotel yn Ljouwert ite. Leuk. Suver hilarysk is de dialooch tusken de twa obers (s. 157), in sêne dy’t tinken docht oan de lakonike toan yn it wurk fan Jaap Krol. Stroever wurdt Schoorstra lykwols as der in soad ynformaasje jûn wurdt dy’t de skriuwer – dat ûnderstel ik teminste – net ‘eigen’ is en omdat er dy op- en útsykje moatten hat. Yn de beskriuwings fan Brussel (s. 23-25) en it oantinken oan in hurdfytswedstryd (s. 84) bygelyks krûpt der wat fan ôfstân yn syn oars sa libbene toan.

pompeblêde-dekbêd

Wat hat de skriuwer mei de ‘achtergrûn fan beskate polityk-relieuze ûntjouwings’ wollen? Skriuwt er simpelwei in spannende, moderne roman? Of wol er in miening útdrage? Warskôgje sels?

En wêrom dy titel? Los fan in ynhâldlike ferklearring yn it boek sels, is dy al earder brûkt, net allinne yn 1982 foar in roman fan Rink van der Velde, mar ek foar it weblog dêr’t twa jier ferlyn de oanset ta in ferfrysking fan Mein Kampf publisearre waard.

Foar in antwurd op de fraach oft de skriuwer yn syn wurk in boadskip útdrage wollen hat, is in resinsje net it goeie middel, dêrfoar soe in fraachpetear earder yn de reden lizze. Wat ál mooglik is, is de tinzen fan it boekpersonaazje Ake neist dy fan de web-logger Willem Schoorstra lizze om te sjen yn hoefier oft de skriuwer syn belibbingswrâld yn syn proaza ta útdrukking komt.

Soks kin net samar. Stel, ik soe de skriuwer, fanwege it prachtich grouwélige ferhaal ‘Wagner is God’ (út de sammelbondel It each fan de griffioen) oer in jonge neonazi, derfan fertinke autobiografyske eleminten ferwurke te hawwen: soks kin net troch de mesken. De persoan Nabokov wie net de pedofyl yn ‘Lolita’, Boon die it net mei syn omkesisters en Schoorstra is net de rjochtsekstremistyske ferkrêfter dy’t er yn syn ferhaal opfiert. Man en wurk hearre yn prinsipe skieden te wurden. It wurk is autonoom; in ynterpretaasje fan hoe’t de persoan fan de skriuwer wêze kinne soe, heart net op it wurk basearre te wurden.

Oars leit it as de skriuwer dy ynformaasje sels nei bûten ta bringt, bygelyks yn ynterviews, iepenbier makke brieven of – yn it gefal fan Schoorstra, op in web-log. Op willemschoorstra.web-log.nl publisearret de blogger sawat alle dagen syn ‘Opium foar it folk’: út en troch is der nijs oer syn skriuwkarriêre, gauris skriuwt er oer muzyk, foar in part binne it koarte reaksjes op de aktualiteit.

As him, nei oanlieding fan in posting oer de sharia, ferwiten wurdt dat er polarisearret – dat docht er perfoarst nét – antwurdet Schoorstra: “Dus prate wy der lekker omhinne. Typearjend.” (willemschoorstra.web-log.nl, 6/3/07) En, ûnder ferwizing nei in artikel fan Islamkenner Bernard Lewis, dêr’t yn steld wurdt dat der net oan te ûntkommen is dat Europa islamitysk wurde sil om’t Europeanen gjin respekt foar de eigen kultuer ha en har selsbetrouwen kwytreitsje, lûkt Schoorstra in paralel mei de Fryske situaasje:

Wat hy (Lewis) sinjalearret oangeande de Europeeske mentaliteit tsjin ‘e islam oer, sit blykber folle djipper, en giet yn ’t generaal oer in tekoart oan selsbewustwêzen. It gros fan ‘e Friezen kapitulearret ek yn in geast fan selsfernedering en mispleatste korrektens tsjin fral de grutte Hollânske broer oer. (…) Hoe krije wy (lit ik it mar ta Fryslân beheine) op ‘e nij in rêchbonke, wat fan grutskens en selsbetrouwen werom? Yn alle gefallen troch alle nije boeken te lêzen dy’t útkomme. Sliepe ûnder in pompeblêde-dekbêd. De bern yn ’t Frysk grutbringe. Jinsels net ferbrekke yn winkels (behalve wannear’t it in lekker ding (m/f) is). Troch Bearenburchgleskes yn ‘e mûle te tropjen.
Wat noch mear? Wat noch mear? (willemschoorstra.web-log.nl, 30/1/07)

It boppesteande is mear as humor: de Fryske identiteit is in wichtich elemint yn itjinge Schoorstra op syn log skriuwt, en dêr, sa skriuwt er, kinst mar grutsk op wêze.