Wobbe Atsma, It liket op fleanen

ôfleare om moai skriuwe te wollen

5 septimber 2006

Wobbe Atsma, It liket op fleanen, ferhalen, 160 siden, priis €16,90, ISBN-10: 90-5998-034-4, ISBN-13: 978-90-5998-034-1

Nim dit fragmint:

“Winnende moanne.
Skrik en opteinens besette de laach yn syn liif dêr’t er sels begjint en nei alle gedachten ek ophâldt. Troch de skreef yn ’e doar heart er it ûnhuerich suchtsjen: fan syn praalgrêf út is de heit op kommende wei.
De stikken stean op it boerd, de wyn fonkelet yn ’e glêzen. Bûten skreauwe de pauwen.”

It binne de begjinrigels út it ferhaal ‘ûnderweis nei Canossa’1 fan Aggie van der Meer. De opbou fan de sinnen is hiel ienfâldich. Nergens yn it fragmint, en yn it hiele ferhaal net, lêst oait in fergeliking yn de foarm fan ‘as in dit-en-dat die of wie er dat’. Van der Meer skriuwt net ‘de opfolger fielt him as in fisk op it droege’, mar “Hy, de opfolger, in fisk op it droege, in fear yn ‘e wyn, sil (…)”As sy àl fergelikingen brûkt is it net op de standert wize, ek sûnder it wurdsje ‘as’ of in tiidwurd as ‘liket’ te brûken wit sy it byldzjende elemint deryn te bringen. 2 En as Van der Meer in eigenskipswurd brûkt, giet it net om oerstallichheden, mar foeget it wat ta.

Gjinien yn Fryslân sa byldzjend en sa poëtysk as dizze skriuwster. Parten fan it wurk fan Van der Meer binne amper te tsjutten, by har giet it benammen om de toan: “Hy dobbelet net, hy spilet. Hy gokt net, hy wit. Hy jaget net, hy set de strûp.” Unferwachte, prachtige Aggie-rigels as: “As de pyromaan komt sil de rekel blaffe.” Simpele wurden, mar wat bedoelt se… Van der Meer har ferhaal is sa skreaun, datst yntrigearre wurdst. Ik lês en werlês it mei in soad nocht, it lêste net allinne om de wille dy’t wurden bringe, mar ek om’t de betsjutting derfan net sa 1-2-3 te fangen is.

Hoe oars binne de ferhalen yn It liket op fleanen fan debutant Wobbe Atsma. Atsma wit in ferhaal op te bouwen, dêrby hat er each foar detail en alles hat kreas in kop en in sturt. Út en troch eksperimintearret er boppedat mei de foarm. Sa wurdt ‘behâlden hûs’, dat him ôfspilet yn de winter fan ’79 skreaun as giet it hjir om de ferteller by de sintrale ferwaarming – pake is op ’e tekst -, yn sprektaal, mei dêryn de oerdriuwings sa’t dy earder by in mûnling ferteld ferhaal hearre as by in boek. It ferhaal einiget te eksplisyt, ek sûnder de lêste rigel hie de lêzer wol troch hân wat der bard wêze moat, mar fierder is it goed ferteld. Yn it lêste ferhaal is de kuierstok fan in âldman oan it wurd. Fanút de stok wei wurdt it proses fan it âlder ferteld.

Is it earste ferhaal noch wol aardich, it lêste lit sjen wêr’t de manko’s fan dizze skriuwer sitte. De tinkende stok ferfeelt al gau: It ding jeuzelt mar troch en jeuzelt mar troch. In soad werhellings, neat nijs en al gau riedst wêr’t it allegear op útdraaie sil.

Ynhâldlik sjoen binne tefolle ferhalen net of amper nijsgjirrich, al is dat – ik jou it yn it foar al ta –  net werklik in kritearium foar kwaliteit. Trouwens, as it tema, it gegeven, al nijsgjirrich wêze kinne soe, wit Atsma de boel gauris op fernimstige wize te ferknoeien.

kromspraak en klisjees

Alles is al skreaun, alle ferhalen binne al ferteld… Útjouwerij Venus allinne al hat yn har trijejierrich bestean seis ferhalebondels útbrocht, mar ek de oare útjouwers ha de ferhalefertellers oan it wurd litten. Gauris giet it dêrby om wurk fan debutanten, dêrneist binne in tal sammelbondels fan ferskate skriuwers op ’e merk ferskynd. It koarte ferhaal – oars fanút it lêzerspublyk wei net it meast wurdearre sjenre –, libbet as in hert.

Wat in ferhaal ta in goed ferhaal makket is net sasear de ynhâld, de idee telt, mar it binne toan en styl dy’t it dwaan moatte. Is yn It liket op fleanen it earste ferhaal noch op in ridlik nijsgjirrige wize ferteld, by in tal oare kin ik de oandacht lang net altyd fêsthâlde. In foarbyld: De frou dy’t har man ferrasse wol troch earder thús te kommen as ferwachte, mei in setsje swarte linzjery fan Christine le Duc, wylst hy ûnderwilens mei in oar yn bêd leit. It gegeven is net nij, ek net troch eleminten ta te foegjen as in wurkjende frou en in man dy’t de hûshâlding docht, dus alles hinget ôf fan de wize fan fertellen. Mar wat krije we? Geseur oer de wurksitewaasje. Geëamel oer húsmannen. In lekker seksferhaal is it ek net; de iennichste lichaamlike reaksje dy’t Atsma wit op te roppen binne kromme teannen: “De sêfte lippen dûnsen flak foar him as blêden yn in simmerwyntsje.” Of: “De krâns fan it ûnsichtbere ljocht jokke as fjoer.” Of “De kolkjende hormoanen fan twa gleone minsken streamde troch it bloed as gloeiende lava nei it dal.” Sjochst it foar dy: Lippen as blêden? Hormoanen as lava? Ik wurd der net waarm en net kâld fan, dat ik bin benijd hokker lêzer al einepikefel krijt fan sokke kromspraak.

Lis sa’n ferhaal ris neist ‘Wagner is God’ fan Willem Schoorstra. By Schoorstra gjin as-fergelikings, it byldzjende elemint kin ek oars ynbrocht wurde: “De noasbonke fan ’e jonge brekt mei it lûd fan in droege prikke.” Ek by Schoorstra kinst yn ‘e rin fan it ferhaal wol sa’n bytsje foarsizze wêr’t it hinne gean sil, mar wêr’t Schoorstra byldzjend skriuwt sûnder steurende fergelikings, it ferhaal like grouwelich as spannend is en in (koarte) sekssêne wat ekstras krijt troch dêr de muzyk (Wagner) yn te bewuoljen, bliuwt Atsma hingjen yn klisjees: “hie it lot har byinoar brocht?”, “de gloed fan elkoars hûd”, “de strieling fan in aura”. Brr, fer-skrik-ke-lik.

It is net earlik, ik wit it, earst Van der Meer en dan Schoorstra derby helje, toemar, mar lit my nochris in fergeliking mei in oar syn wurk meitsje. Lis Atsma syn seksferhaaltsje ris neist ‘De argeolooch’ fan Durk van der Ploeg. Ek by Van der Ploeg spilet de eroatyk in rol, mar eksplisite seks komt yn it ferhaal nearne foar. It binne natoer en kultuer, de ferbylding en de skiednis derfan, wêrbinnen de moeting tusken in man en in frou skildere wurdt en plak krijt.

It ferskil tusken de beide skriuwers sit him net yn de debutant tsjinoer de nestor fan de Fryske literatuer. It mysterieuze ferhaal ‘De flecht fan parkiten’ fan Simon Oosting dy’t bûten wat fersen yn Hjir noch amperoan wat publisearre hat smakket daliks al nei mear. De ûnderfining dy’t in skriuwer hat is dus gjin kritearium. Nee, it ferskil tusken Atsma en Van der Ploeg sit him yn de útwurking, yn de bylden, yn it brûken fan de taal. Nim allinne al de begjinrigel “Alle dingen ha in begjin, tocht ik letter.” fan Van der Ploeg en lis dy neist “Fleanderich draafde Aly troch it hûs.” De earste ferwiist nei de rest fan it ferhaal. Soks makket nijsgjirrich. Der komme in pear moaie, suver filosofyske rigels achteroan dy’t de lêzer by it ferhaal dat komme sil belûke. Dêrtsjinoer stiet Atsma syn Aly dy’t mar draaft en draaft. Dêrnei krije we – hoe kin it nei sa’n begjin ek oars – de sûker, de stofsûger, de dûs, de krante, de BMW (ensfh): It is my te gewoan, sawol nei styl as nei ynhâld te alledeisk om my mei te slepen.

Wat yn Atsma syn debút boppedat steurt is in oer en tefolle oan stopwurdsjes en oerstallige eigenskipswurden. In tefolle oan ‘noch wat’, ‘mar’, ‘hielendal’, ‘lykwols’, helje de Schwung út de taal en eigenskipswurden leverje gauris in bydrage oan it dochs al wakker hege eamelgehalte as de oanbelangjende eigenskippen wol út de kontekst te lêzen binne: “Like stil as de dobber (..) siet Leffert ûnbeweechlik op ‘e wâl.”

Hjir en dêr komt Atsma mei in nijsgjirrich gegeven. De jonge dy’t letterlik en figuerlik yn syn kompjuterspultsje opgiet. De man yn it titelferhaal waans parasjutesprong subtyl oergiet yn de dea. ‘Opspylje’ oer de man dy’t syn frou in ferhaal fertelt en it werklikheid wurde liten, it spannende en ynienen al wer goed skreaune ‘Blynseach’ en it moaie en tagelyk grappich einigjende ‘De opstiging’ binne geunstige útsûnderingen yn It liket op fleanen wêryn’t foar in grut tal ferhalen jildt: it bliuwt foarsisber, de útwurking is gauris te eksplisyt of planút flau, de karakters sa neatsizzend dat der neat oan te belibjen falt. Al dy minsken dy’t de bus ynstappe (‘N.N.’), ik wrakselje my der trochhinne. Wêr is de huver, de hurdens, de humor, as lêzer wol ik in oare wrâld, ien fan huorren, homo’s en haat. In Leffert dy’t fisket, dêr ha ik neat mei.

In Aggie – of wa dan ek – hoecht nimmen te wurden. Mar gefoel ûntwikkelje foar wat al as net moai klinkt, is in needsaaklike foarwearde foar it skriuwen. Net oars as by poëzije kin by proaza alles wat sein wurdt, elke rigel, op tal fan wizen formulearre wurde. As it begjin net daliks pakt, leit de lêzer it boek oan kant. Hokker feitsjes – de couleur locale – nimme de lêzer àl mei, hokker net? Wat bart der as de wurdfolchoarde feroare wurdt? Al as net in eigenskipswurd, hoe bringst in byld yn: it docht der ta. Komma’s of koarte sinnen meitsje in wrâld fan ferskil. En lit ik it mar net oer it ferbjusterjende tal flaterkes ha dy’t sitten bleaun binne. (Útjouwerij Venus is oars altiten hiel krekt…)

Los fan de ynhâld – ik wit it, it bliuwt in kwestje fan smaak – is Atsma syn manko dat er tè moai skriuwe wol. In frou mei roetswarte teisters as stikeltrie ek noch knap as in fotomodel neame? Soks wurket folslein kontraproduktyf.

 

1Dêr wêr’t ik oare ferhalen neist dy fan Atsma lis, komme dy út It each fan de griffioen, 14 ferhalen fan Fryske skriuwers.

2 asyndetyske fergeliking