Yn ’e wyn, ferskate auteurs

fan skriuwkursus nei boek

Oer: Yn ’e wyn, auteurs: Hobbe Akkerman, Janna de Jong, Tineke Lettinga, Gertrud Palstra, Piter Renia, Wytske Visser. 144 siden. Friese Pers Boekerij, ISBN : 9789033007620

sept. 2008

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Wat minsken yn har frije tiid dogge is oan moade bûn. Oait immen heard dy’t noch mei makramee dwaande is? Spinwiel en weeftou waarden nei de hausse yn de jierren santich massaal yn it suffertsje te keap set en yn kringloopwinkels en op rommelmerken oanbean. My heucht noch dat It Hearrenfean trije jernwinkels hie, ien derfan mei de fraai namme ‘Naaldkunst’, no kinst nearne mear in knotsje wol fine. De breipriemmen lizze wurkleas yn ’e kast, neist de figuerseage. Skriuwe is hot.

2500 Fryske skriuwers

As yn Nederlân 600.000 minsken har dwaande hâlde mei skriuwen, dan moat Fryslân dêr, yn ferhâlding, sa’n 25.000 fan ha. As tsien persint dêrfan dan yn it Frysk skriuwe soe en ien persint dêr dan wer fan ta publikaasje komt, dan hat de útjouwers gjin kleien. Dat lêste persintaazje, ien persint, komt net hielendal út de loft ploffen. Op de website fan in Nederlânske útjouwer stiet in artikel oer it ynstjoeren fan manuskripten. In sitaat: “Wat regelmatig opvalt bij het lezen van een ingezonden manuscript is dat een schrijver niet wil schrijven, maar schrijver wil zijn (…) Je kunt geen schrijver worden, zonder een boek te hebben geschreven. Het klinkt als een enorme open deur, toch wordt aan deze essentiële gedachte nog al eens voorbijgegaan.”

In skema opsette of frij assosjearje, skriuwe, skrasse, werskriuwe, werformulearje, ôfstân nimme, de struktuer omsmite, grammatikale en oare flaters derút helje, byslypje: it is in syklus dy’t de measte auteurs mear as ien kear troch moatte. Oan eare en rom giet ‘bodzjen’ yn stilte foarôf. En dan noch… Skriuwe sil foar de measten dan ek net fierder komme as in leuke, nijsgjirrige hobby.

As safolle minsken deselde tiidsbesteging ha, ûntstiet der in wiere ‘yndustry’ omhinne. Of is it oarsom? Is it it oanbod, de kommersy, dy’t minsken nei it skriuwen bringt? Yn alle gefallen is it sa dat der in wiere hausse oan skriuwboeken op ’e merke kaam is. Online workshops, tydskriften, skriuwbegeliedingsbureaus, ensfh. ensfh, de ynisjativen sjitte as poddestuollen de grûn út. Fryslân krijt dêr ek in sturtsje fan mei: by de kreativiteitssintra kinne kursussen folge wurde, bygelyks yn it skriuwen fan deiboeken of kollums, ek hjir binne bureaus dy’t bygelyks oan coaching en redaksje dogge, Fryslân hat har ‘eigen’ p.o.d. útjouwer, dy docht ek oan manuskriptebegeleiding. It Skriuwersboun hat dit jier in projekt op priemmen set foar manuskriptebeoardieling en skriuwbegeleiding op yndividuele basis foar minsken dy’t yn it Frysk skriuwe en by Tresoar wurde al jierren kursussen jûn op it mêd fan fan koarte ferhalen, lietteksten en poëzije. (Sjoch: skriuwersboun.nl, ynformaasje en betingsten binne te finen ûnder it kopke skriuw en tresoar.nl, ûnder edukaasje.) Lang net elkenien dy’t in kursus by Tresoar dien hat, komt ea ta publikaasje, mar oarsom is it wol sa dat der nei ferrin fan jierren in moai rychje Fryske proazaskriuwers en dichters oan te wizen is dat mei ‘talint foar’ en ‘niget oan’ de kursussen as opstapke brûke kind hat.

Talint is net te learen, mar al dizze ynisjativen gean der fan út dat der wol techniken oan te learen binne, dat krityk it wurk op in heger plan bringe kin en dat in kursus stimulearjend en ynspirearjend wurkje kin.

yn ’e wyn

Twa fan de skriuwdosinten fan Tresoar, Akky van der Veer en Hylke Tromp binne mei har kursisten in nijsgjirrich eksperimint oangien. Hobbe Akkerman, Janna de Jong, Tineke Lettinga, Gertrud Palstra, Piter Renia en Wytske Visser ha mei har seizen in literêre thriller skreaun. Mei tank oan de Friese Pers Boekerij stean har nammen op it omkaft fan in echt boek: Yn ’e wyn.

Frachtweinsjauffeur Gerke de Vries wurdt yn Súd-Frankryk oppakt, yn de frachtauto is in grutte partij kokaïne fûn. De wein wurdt yn beslach naam, Gerke wurdt fêstset yn in Frânske finzenis. As it berjocht it thúsfront berikt, binne frou en bern, freonen en famylje ûntheistere. Yn ’e wyn is net allinne in thriller, it is ek in brieveroman. It ferhaal ûntjout him yn brieven, mar ek yn mails, sms-kes, deiboekfragminten fan Gerke syn frou Aly, brieven en faksen fan de wurkjouwer en it advokatekantoar, kranteberjochten, en sels de nijsbrief Ut ’e gielguorde fan de basisskoalle dêr’t Gerke en Aly har bern op sitte. Dêrmei hat it boek in wol hiel aparte en ek in hjoeddeiske foarm krigen. Guon brieven wurde net ferstjoerd, ien manier om der foar te soargjen dat de lêzer w`rt oan de weet komt, dat de persoanaazjes net witte. En soan Geart sit geregeld op MSN (in chatprogramma). In sitaat út sa’n MSN-petear, yn de taal dy’t dêrby past, mei ymkomplete sinnen, it weilitten fan klinkers, ôfkoartingen en soms in fonetysk Frysk:

Geart seit:

hoesty?

Rudmer seit:

gjit wol jong. noh nijs fan heit

Geart seit:

ja, justr ljook n brief n tilfoantsje. mem fertelt net n soad en dwar net t freegjn

Rudmer seit:

kinst net freegje ost lêze meist

Geart seit:

kwit net – lit mar. se fynt beppe ljook ek net mear sa arich

Rudmer seit:

hoedatsa?

Geart seit:

no gewoan. se fynt t net leuk dat beppe dr is. beppe seurt sit mem

Rudmer seit:

alle beppes seure

Geart seit:

no uzes is oars best arich. se wol wol mei ús aksjefiere. soenen dr noch nijsbrieven oer wêze? beppe wol graach 1 ha

Rudmer seit:

master ff freegje

Geart seit:

dok

de skriuwer is in meartal

It is net foar it earst dat mear auteurs oan ien ferhaal wurkje. Skriuwer, dichter en learaar Nederlânsk Jan J. Bijlsma skreaun tegearre mei skriuwer en plysjeman Anne Hellinga yn de jierren santich trije detektives, de ‘Benedictus-rige’: Moard op ’e Himrik, Moard mei muzyk en Benedictus pakt troch, út. Frans en Tineke Steenmeijer skreaunen tegearre trije misdieromans wêrfan ien yn it Frysk: Moard yn it provinsjehûs. (1999) Ferneamd is ek it Sweedske skriuwduo Maj Sjöwall en Per Wahlöö dat tusken 1965 en 1975 tsien krimi’s skreaun, bygelyks De man die even wilde afrekenen, dy’t noch altyd in protte lêzen wurde. Jan Terlouw skreaun mei syn dochter Sanne trije literêre thrillers en Nicci French is de skûlnamme fan Nicci Gerrard en Sean French, dy’t tegearre in tal psychologyske thrillers op har namme ha. Der binne wol mear skriuwduo’s, foar alderhande soarten proaza, mar it is opfallend dat misdie by útstek it ûnderwerp is by dizze foarm fan gearwurking.

Wêrom is dat? Ik lês in tal fraachpetearen mei it duo Nicci French. It giet oer har libben, oer har skriuwen, mar alles wat dêr oer sein wurdt, oft oft it no Sean is dy’t wat seit of it is Nicci dy’t oan it wurd is, sawat alle kearen dat it wurdsje ‘wy’ brûkt wurdt, kin der likegoed ‘ik’ stean. Wêrom thrillers, plysjeromans, detektives of hoe it sjenre ek mar oantsute wurdt, de fraach ‘wêrom no krekt it item misdie?’ dêr fyn ik gjin antwurd op. Tegearre skiruwe is blykber net sa hiel oars as allinne dwaande wêze. Mar inkeldris wurdt wat oer de gearwurking sein: “Samen schrijven zorgt voor stress en af en toe voor spanningen en felle discussies. Bij ons werkt het zo dat ik een stuk schrijf, soms zijn het een paar regels, soms een hoofdstuk, en het dan aan Sean geef. Hij mag doen met mijn tekst wat hij wil, dat is de afspraak. Vervolgens gaat hij verder met het verhaal en geeft het weer terug aan mij. Iedereen die zelf schrijft, weet dat het iets heel egocentrisch is, iets heel intiems. Wat op papier staat, komt uit je binnenste. De mooie kant van samenwerken, is dat ik dingen van Sean weet en hij van mij die we anders nooit van elkaar geweten zouden hebben. Het is alsof je in iemand kijkt als je z’n eerste versie mag lezen. Als schrijver stel je je op zo’n moment erg kwetsbaar op. Op een bepaald moment ken je iemands kracht én zwakte. En daar mag je beslist geen misbruik van maken. Nooit! Vertrouwen is héél belangrijk als het over ons als schrijversduo gaat. Als we elkaar niet volledig zouden vertrouwen dan zouden we niet samen kunnen schrijven. Ik moet erop kunnen vertrouwen dat Sean het beste met me voor heeft als hij mijn versies redigeert, schrapt of bejubelt en hij moet op mij kunnen vertrouwen.”

Sa’n yntym barren sil it skriuwen fan Yn ’e wyn net west ha, bûten de kursus om koenen de auteurs wer yn har eigen bêd sliepe, mar fertrouwen en de reewilligens om op elkoar yn te spyljen sille ek by har de foarwearden west ha om ta ien gehiel te kommen.

It is in spannend boekje, want Gerke hat de drugs fansels net sels yn de fracht weistoppe, dat de achterbliuwers besykje der achter te kommen wat der krekt bard is. De earste fyftich siden ha ik it idee dat de spanning der troch de foarm wat úthelle is, dat it minder lêst maklik troch as in ‘gewoane’ thriller, miskien ek omdat it dan allegear wat foarsisber is. Oan de iene kant is der it berjocht út Marseille, mar oan de oare kant besiket elk it deistige libben oerein te hâlden. As op in stuit bliken docht dat Gerke in geheim hat, komt it ferhaal goed op gong.

Wa’t wat skreaun hat, dêr is gjin ynformaasje oer en dat is miskien mar goed ek, dan gjin net ien alle eare allinne krije.  Ik ha wol wat mei ‘Jannes’, mar it goed mooglik dat dat net sasear mei de styl fan skriuwen te krijen hat, mar mear mei it personaazje. Boppdat, it is like knap om (bygelyks) in ferfelende skoanmem del te setten as in leuke fint.  Miskien ha meardere auteurs wol stikken fan ien personaazje skreaun. Hoe’t Yn ’e wyn krekt ûntstien is en hoe’t it skriuwproses krekt yn syn wurk gien is, wit ik dus net, mar ik ûnderstel dat it in heikerwei west hat. Skriuwers ha de oanstriid har eigen gong te gean, soms alle kanten op te fleanen, mooglik jildt dat ek foar it heale dozyn minsken dat no net allinne ta in publikabel ar ek ta in hiel lêsber, betiden spannend, resultaat kaam is. Skriuwe mei syn twaën en dan ta in op elkoar’s wurk ôfstimd gehiel te kommen liket my al knap lêstich ta, mar seis auteurs, dat is, by wize fan sprekken, in kompleet hinnehok. Dan moat ien fan har, of miskien Akky van der Veer en Hylke Tromp, him/har opsmiten ha om de rol fan ‘hoanne’ op him/har te nimmen want as skriuwen in groepsproses wurdt, is it al saak om de boel goed yn de stringen te hâlden. Foar de lêzer makket soks net út, it giet derom oft it boek slagge is. En dat is it.